1 minute read

Kollum Andries Jelle de Jong

STRONT & STRIE

Opgroeie mei romte, greiden en bisten. Boartsje mei de bok, knuffelje mei kninen, klauterje yn it bosk en in hut meitsje fan âlde gerdinen. It heart as in jongesboek en dat is no krekt wat wy hjir op De Tike oan ’t skriuwen binne. Net écht fansels. Fiktyf. Want hast elke dei liket him hjir ôf te spyljen as in spannende episoade út De Kameleon. Allinnich hjitte Hielke en Sietse by ús Simm (7) en Tomm (5). En wy hawwe gjin ûndogensk motorboatsje, mar in tinkbyldige ark fol bisten.

Advertisement

Wy wenje sûnt jannewaris dit jier fiifhûndert meter fierder as de tsien jier dêrfoar. Nee, fuort út De Tike woene wy nea wer. Doe’t myn frou Bitoen en ik as twa Drachtsters yn 2011 yn dit lytse smûke doarpke kamen te wenjen − ik woe graach in geit en dat kin net yn wenbuert De Drait yn Drachten − binne wy hjir geweldich ûntfongen. Waarme minsken. Moai doarp. In praatsje. Inoar wat helpe. Mar tsien jier geiten, in baarch en twa prachtjonkjes fierder krige ik in nij spinsel yn ’e kop: der moasten mar alpaka’s komme. En dat koe net by ús op de Peinderwei: krekt net grûn genôch. Dus doe’t him ein 2020 dy kâns op de Master Iniawei foardie, raasde heit yn syn geefste Frysk: ‘Hebben die kip!’

En mei dy hinnen, geiten, baarch, Yndonezyske rinnende einen, Sineeske grûniikhoarntsjes, kavia’s, hamsters, katten en kninen binne wy mei in soarte fan Ark fan Noach trije sleatten fierder telâne kaam. Mei alles wat krûpt, kloppet, grommet en blettert binne wy hjir sa lokkich as wat. Fansels docht heit al it wurk oan stront en strie, want sa giet dat ommers altyd nei in pear wike mei bern dy’t graach in beestje fersoargje wolle, mar ik fyn it machtich. Dat mien ik: ik soe net graach mear sûnder dy hiele kakofony fan natuerlûden om ús hûs hinne wolle. En wy hawwe it ek nochris ‘moai’ ferdield: ik it swit en de smoarge klauwen, wylst Simm, Tomm en mamma geregeld ús besite traktearje op in toeristysk − en skjin − rûntsje bisteboel.

Andries Jelle de Jong (43) is troud mei Bitoen en heit fan twa Frysk-Fjetnameeske feintsjes

This article is from: