4 minute read

Over meertalig opvoeden

De meestgestelde vragen over meertalig opvoeden

Meertalig opvoeden. Hoe doe je dat? Hierbij de meestgestelde vragen mét antwoorden voor je op een rijtje.

Advertisement

Kunnen we ons kind de Friese taal meegeven, ook al spreken we zelf geen Fries?

Wat als maar een van de ouders de Friese taal spreekt?

Ja hoor. Er is genoeg hulp om je heen. Denk daarbij aan mooie prentenboeken, websites, apps en televisieprogramma’s. Maar ook Friestalige peuterspeelzalen, kinderopvang, buren en vrienden kunnen voor een Friestalige omgeving zorgen. En dan zijn er natuurlijk ook nog mogelijkheden om als ouder het Fries te leren.

Veel families in Fryslân spreken meer dan één taal en willen net als jij hun kind het beste van twee werelden meegeven. Probeer als Friestalige ouder wel zo consequent mogelijk Fries tegen je kinderen te spreken, dan is de kans groter dat ze dit later ook blijven gebruiken.

Wanneer kunnen we het beste Fries beginnen te spreken?

Zullen mijn kinderen twee talen net zo goed leren als één?

Er is geen limiet aan wat een kind aan talen kan leren. In sommige landen spreken hele jonge kinderen drie of vier talen. Meestal helpt de ene taal de andere, en wordt het gemakkelijker om andere talen te leren. Hoe eerder, hoe beter. Je kunt gerust vanaf de geboorte al beginnen. Kleine kinderen pikken een taal op zonder dat ze het zelf doorhebben. Hoe jonger ze zijn, hoe makkelijker het voor iedereen is.

Zijn meerdere talen niet verwarrend voor kinderen?

Nee! Wanneer kinderen woorden en talen doorelkaar halen, betekent dat niet dat het verwarrend voor hen is. Dit hoort gewoon bij het leerproces. Wanneer ze ongeveer vier jaar zijn, zullen ze de talen beter kunnen scheiden.

Fearkrêftige flinter

“Wy fernimme dat sy stiller en mear weromlutsen is. Sy wol leaver net nei skoalle ta wylst sy earder net wachtsje koe om juf wer te sjen! Wy begripe it net. Wat is der mei har oan de hân?”

De âlden fan Marieke (7 jier) meitsje har soargen oer harren dochter. Marieke sit yn groep 3 fan de basisskoalle. Tegearre mei har âldere broer fan 9, har jongere suske fan 2 en har heit en mem wennet sy op de Fryske klaai. Al mei al in hechte en leafdefolle húshâlding wêryn’t op it earste gesicht gjin nuveraardichheden binne dy’t Marieke har ûntwikkeling negatyf beynfloedzje kinnen ha. Dochs is der wat oan de hân. Ik gean mei dizze begiene âlden yn petear om mei elkoar te ûndersykjen wat no krekt de oarsaak wêze kin.

Earst meitsje wy in tiidline fan Marieke har libben, fan berte oan’t no. Wat hat Marieke yn har koarte libben allegear al meimakke? Wy besykje hjir fan Marieke har eachpunt út nei te sjen: hoe soe sy it belibbe ha?

Thuis en school

worden op elkaar afgestemd

Marieke har suske waard twa jier lyn berne, op it wichtige momint dat Marieke krekt nei de basisskoalle gie. In nije faze yn har libben dus wêryn’t net allinnich ekstern, mar ek thús guon wichtige saken feroaren. Der kaam in lytse poppe by wêrtroch’t Marieke yn de struktuer fan it húshâlden ferskeau fan it jongste nei it middelste bern. Tagelyk krige sy der mei de basisskoalle in nij wichtich plak by neist thús.

Ein groep 2 krigen Marieke en fansels ek de rest fan de wrâld te krijen mei Koroana. Sy wie op dat stuit faaks noch te jong om goed te begripen wat der no allegear krekt oan de hân wie. Dochs moast sy har wol foegje yn dizze bysûndere situaasje. Nei krekt kennis makke te hawwen mei skoalle wer in skoft thúsbliuwe om dêrnei wer nei skoalle gean. Mei foegje bedoele wy yn dizze kontekst it fleksibel oanpasse oan de situaasje. Foar sokke grutte feroarings op sa’n jonge leeftiid is in soad fearkrêft nedich. Soe it sa wêze kinne dat Marieke har fearkrêft oerbelêste rekke is? Dêr like it wol op! Hoe kinne wy der no foar soargje dat krekt dy fearkrêft wer werom komt?

Ik sykje it petear mei Marieke en sy fertelt my dat har leafste bist in flinter is: “Flinters ha fan dy moaie wjukken en kinne oeral hinne gean wêr’t se mar wolle!” De flinter brûk ik by Marieke, en letter ek by har âlden, as metafoar foar de fearkrêft. Dizze byldzjende wize fan wurkjen dy’t de fantasy priket past hiel goed by har. Wy prate oer flinters en Marieke fertelt my hieltyd mear oer harsels en wat sy nedich hat. It flinterke moat sa no en dan útrêste en siket dan in moaie blom op wêr’t it efkes ta rêst komme kin. Wat wurket foar Marieke ûntspannend? Wat makket har fleurich? En hiel wichtich: wat hat sy hjirby nedich fan har heit en mem?

In pear wike letter krij ik in telefoantsje fan Marieke har mem: “Juster rûnen wy nei skoalle en pakte Marieke myn hân. “Kom mem, trochrinne want ik wol noch efkes boartsje op it plein foardat de bel giet.”

As in fearkrêftige flinter fladdere Marieke nei skoalle.

Troch:

Afke Nynke Elting-Dijkstra

Je kunt bij ons terecht voor onderzoek en behandeling op het gebied van:

Jeugdhulp

Dyslexiezorg

Leerlingenzorg

> Rechtstreeks contact met een psycholoog of orthopedagoog.

> Persoonlijke zorg in een kleinschalige setting.

> Wij behandelen in Friesland, Groningen en Drenthe

Een kind aanmelden

Neem contact met ons op via:

zorg@cedin.nl

088 0200 300

www.cedinzorg.nl

This article is from: