![](https://assets.isu.pub/document-structure/211111094629-e176a5921a490535f248cefdb6284c08/v1/b98ce893cd847393d8fb4c4c94b761d9.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
1 minute read
Bernepraatsjes
by heit&mem
Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.
Advertisement
Jens (3): ‘Ik wol jûn sa graach pantoffeltsjes ite, heit!’ (pofferkes)
Fenna vertelt beppe dat ze andere talen op school heeft geleerd. Namelijk Engels: ‘Hello en goodbye!’ En ze heeft ook Duits geleerd: ‘Auf wiedersehen’. Fenna: ‘En we hadden ook iets van ooievaar.’ ‘Uh, ooievaar?’, dat begrijpt beppe niet. ‘Ja,’ zo legt Fenna uit, ‘dat hoorde geloof ik bij bonjour.’ Thieme (2) sjocht in foto wêrop’t mem in hiele dikke búk hie. Mem fertelt him dat hy dêr by mem yn de búk siet. Wêrop’t Thieme seit: ‘Mem hie Thieme opiten!’
Marte (4) blêdet troch de heit&mem. Marte sjocht nei de letters en lêst: ‘Mem’. Se freget wat der noch mear stiet. Mem seit: ‘Heit’. Marte lêst lûdop: ‘Heit en mem.’ Efkes is it stil en dan freget Marte: ‘Mar mem, wêrom stean jim yn dit boekje?’
Dieke hat in plakje op ’e tean en se raast it út. Nei in hiel skoft treasten seit heit: ‘Dieke, no is it klear, net sa oanstelle.’ Dieke: ‘Ik stel my net oan, it docht sa sear! It docht sa sear as oftst yn dyn bleatsje sûnder klean yn de lava swimst!’
Mem komt earder thús fan it wurk, want de kolf wie stikken gien. Femke (3): ‘Hee mem! Koe mem it wurk net fine?’