4 minute read

Gearstalde húshâldingen

Gearstalde húshâldingen, hoe dogge je dat?

It tradisjonele gesin fan heit en mem mei bern makket hieltyd mear plak foar gearstalde gesinnen. Styfmem, bonuspapa, healsuskes of styfbruorkes. Trije Fryske húshâldingen fertelle hoe’t it by harren thús giet.

Advertisement

Hieke, Theo, Tjesse, Dirk Hidde, Amarins & Fenna

Hieke van der Wal-Wagenaar (36) út Ternaard learde har freon Theo (43) hast fjouwer jier lyn by tafal kennen by in musikal yn Scheveningen. ‘Twa Friezen neistinoar, it klikte fuort.’ Hieke wist doe noch net dat Theo (single) heit wie. ‘Dêr skrok ik wol fan. Wy hawwe earst de tiid naam om elkoar better kennen te learen.’ Nei twa moannen waard Hieke oan Tjesse en Dirk Hidde foarsteld. ‘Dat wie wol spannend. Hielendal om’t ik sels noch gjin mem wie.’ Mar de bernewinsk wie der wol. ‘As Hieke al bern hân hie, dan hie ik it net mear wold’, fertelt Theo. It gesin waard útwreide mei Amarins en Fenna.

‘De jonges binne ien wykein yn de twa wiken by ús en altyd fan tongersdeis op freed.’ Theo soe de jonges wol mear sjen wolle, sadat de famkes ek mear mei harren bruorren opgroeie. ‘It is altyd in kwestje fan aginda’s neistinoar lizze en ta ôfspraken komme.’ Hieke fertelt dat se in oare bân hat mei har famkes as mei de jonges. ‘Ik ha twa biologyske bern en twa bonusbern, sis ik altyd. De leafde foar de jonges groeit hieltyd mear. Dochs set ik mysels by de jonges wolris wat mear op de eftergrûn. Ik bin net harren biologyske mem, dus guon saken moatte je dan oerlitte oan Theo en syn eks. Ik fyn it dreech as ik de jonges op harren gedrach oansprekke moat, want je wolle ek graach aardich fûn wurde. Dus dêryn lear ik alle dagen wer in bytsje.’

Boeketip fan Hieke: “De mijnen zijn de liefste. Dynamieken in samengestelde gezinnen” fan Magda Hengst en Karin den Hollander.

Barry, Anneke, Patrick, Jasmijn, Tim, Sim, Levi & Indy

It is by de famylje ’t Hart yn Ie altyd in gesellige drokte. Jûns skowe der seis bern by de tafel oan. ‘Doe’t Barry en ik inoar kennen learden, wienen we beiden single. Hy hie al twa bern en ik ek’, fertelt Anneke. ‘Wy hawwe it hiel rêstich oan dien. It earste jier ha wy brûkt om inoar better kennen te learen. Pas doe belutsen wy ús bern derby. As it tusken de bern ûnderling of mei ús net klikke soe, dan koe ús relaasje ek gjin stân hâlde. Sa binne wy deryn stapt. Yn it begjin wie it wol hiel bot “dynt” en “mynt” en fûn ik it ek wolris lestich at Barry myn biologyske bern (Patrick en Jasmijn) oanspruts op harren gedrach, mar soks moat groeie. Wilens binne wy ien gesin wurden.’ Tegearre hat it stel noch twa berntsjes, Levi en Indy. ‘Alle seis bern wenje by ús. Barry syn jonges Tim en Sim wennen earst by syn eks yn IJmuiden, mar yn goed oerlis waard dúdlik dat sy hjir better wenje koenen fanwegen bettere begelieding op skoalle.’ Anneke hat goed kontakt mei Barry syn eks. ‘It heart miskien raar, mar se is ien fan myn bêste freondinnen wurden. Se giet sels mei op fakânsje.’ Neffens Anneke is dy bân mei de biologyske mem belangryk. ‘Ik bin ferantwurdlik foar har grutste “besit”. Ik ha har tasein om foar har bern te soargjen as binne it myn eigen.’ Yn Ie wurde it Nederlânsk en it Frysk trochinoar brûkt. ‘Barry praat Nederlânsk tsjin de bern, ik Frysk tsjin myn biologyske bern en Nederlânsk tsjin de jonges. Mar elkenien ferstiet inoar en de talen klinke gewoan trochinoar hinne oan tafel.’

Anco, Ingrid, Anna-Lynn, Dennis, Daan & Jinthe

Foar Anco Stelpstra (24) wie it leafde op it earste gesicht, doe’t er kollega Ingrid Zittema (44) kennen learde. Mar in relaasje mei in frou mei trije bern, dy’t tweintich jier âlder wie, dat like ûnmooglik. Se rekken befreone en de fonk sloech dochs oer. Mei harren dochter Jinthe en de oare trije bern fan Ingrid (twa hjirfan te sjen op 'e foto hjirneist) wenje se yn Hallum. ‘Anco is in grutte man en sjocht der âlder út. Sels wurd ik altyd jonger skat, dus wy skele mar tsien jier, sizze wy dan.’ It ferskil yn jierren spilet foar Anco en Ingrid net. ‘Wy begripe inoar, it sit gewoan goed.’ De bern koenen Anco al, om’t er as freon al oer de flier kaam. De trije âldsten sjogge Anco net as harren heit. ‘Myn âldste dochter is 18. Sy sjocht Anco as in grutte broer mei soarchtaken.’ Se meitsje der sels ek wol grappen oer. ‘Dennis fan 16 neamt my foar de gein wolris “heity”. Dat fyn ik ek wol wer moai’, laket Anco. ‘Mar ik soe net wolle dat se my echt heit neame.’ Foar Anco wie de omslach grut. ‘Earst wenne ik allinnich en no wenje wy mei ús seizen. Mei de âldsten is it ek oars kommunisearjen as mei de jongsten, mar wy hawwe algemiene regels dy’t foar elkenien jilde. Wy fine it foaral ek belangryk dat we wille mei-inoar hawwe.’ De trije bern fan Ingrid binne hiel wiis mei harren lytse suske. ‘Se helpe ek mei en passe wolris op at wy oan it wurk binne. En as it ús jûn wurdt, dan soenen we bêst noch in lytske ha wolle.’

This article is from: