Gearstalde húshâldingen, hoe dogge je dat? Skriuwer: Froukje Sijtsma Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie
It tradisjonele gesin fan heit en mem mei bern makket hieltyd mear plak foar gearstalde gesinnen. Styfmem, bonuspapa, healsuskes of styfbruorkes. Trije Fryske húshâldingen fertelle hoe’t it by harren thús giet.
Hieke, Theo, Tjesse, Dirk Hidde, Amarins & Fenna Hieke van der Wal-Wagenaar (36) út Ternaard learde har freon Theo (43) hast fjouwer jier lyn by tafal kennen by in musikal yn Scheveningen. ‘Twa Friezen neistinoar, it klikte fuort.’ Hieke wist doe noch net dat Theo (single) heit wie. ‘Dêr skrok ik wol fan. Wy hawwe earst de tiid naam om elkoar better kennen te learen.’ Nei twa moannen waard Hieke oan Tjesse en Dirk Hidde foarsteld. ‘Dat wie wol spannend. Hielendal om’t ik sels noch gjin mem wie.’ Mar de bernewinsk wie der wol. ‘As Hieke al bern hân hie, dan hie ik it net mear wold’, fertelt Theo. It gesin waard útwreide mei Amarins en Fenna. ‘De jonges binne ien wykein yn de twa wiken by ús en altyd fan tongersdeis op freed.’ Theo soe de jonges wol mear sjen wolle, sadat de famkes ek mear mei harren bruorren opgroeie. ‘It is altyd in kwestje fan aginda’s neistinoar lizze en ta ôfspraken komme.’ Hieke fertelt dat se in oare bân hat mei har famkes as mei de jonges. ‘Ik ha twa biologyske bern en twa bonusbern, sis ik altyd. De leafde foar de jonges groeit hieltyd mear. Dochs set ik mysels by de jonges wolris wat mear op de eftergrûn. Ik bin net harren biologyske mem, dus guon saken moatte je dan oerlitte oan Theo en syn eks. Ik fyn it dreech as ik de jonges op harren gedrach oansprekke moat, want je wolle ek graach aardich fûn wurde. Dus dêryn lear ik alle dagen wer in bytsje.’ Boeketip fan Hieke: “De mijnen zijn de liefste. Dynamieken in samengestelde gezinnen” fan Magda Hengst en Karin den Hollander.