![](https://static.isu.pub/fe/default-story-images/news.jpg?width=720&quality=85%2C50)
2 minute read
Fryske berne-apps
by heit&mem
Witsto dat der allegearre ferskillende Fryske berne-apps binne? Foar lytse en grutte bern? Spultsjes, ferskes, ferhaaltsjes… der is fan alles te dwaan! Ut in enkête ûnder Fryske heiten en memmen docht bliken dat noch net elkenien fan it bestean fan dizze apps wit – of yn elk gefal net fan alle. Dy’t se wol brûke, dogge dat benammen om harren bern in grutter ferskaat oan materiaal yn it Frysk oan te bieden. In oersicht:
1+ 1+
Advertisement
Tomke
Mei de Tomke-app kinne bern fan 2 o/m 6 jier sels ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-fi lmkes besjen. De spultsjes wurde oan de seizoenen oanpast, sadat der hieltyd wer wat nijs te dwaan is. • • • • • • • • • • • • • • • • • • •
Lytskes
Op de app “Lytskes” steane njoggen animearre Fryske berneferskes, dy’t earder ferskynd binne op de populêre dvd “Lytskes”. Sjoch mei dyn lytske nei de fl eurige en werkenbere bylden, sjong mei de ferskes mei en stimulearje op in aardige manier de taalûntjouwing fan dyn berntsje! • • •
2+ 2+
Hantsjes yn ‘e hichte
Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it fi lmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, 5 nije en 10 tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels, mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene ferske is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftyd dêr tuskenyn. • • • • • • • • • • • • • • •
Wat heart wêr?
Oeral misse dingen, kinsto se wer op it plak delsette dêr’t se thúshearre? Wat heart wêr is in learsume app foar beukers, dêr’t se boartsjendewei mei leare om foarmen te werkennen en yn ferskillende talen harren wurdskat fergrutsje. • • • • • • • • • • •
2+
It Grutte Foarlêsboek
Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte foarlêsboek’. In app mei prachtige ferhalen, gedichten, ferskes en spultsjes foar bern fan 2 jier ôf. • • • • • • • • • • • • •
4+
Rinze de Kikkert
De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Kinst de ferhaaltsjes sels foarlêze, mar se kinne ek ôfspile wurde. Der binne 4 ferskillende: “Rinze op reis”, “Rinze is gek op wetter”, “Rinze syn jierdei” en “Rinze’s AaBee”. Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes mei Rinze’s AaBee! • • • • • • • • •