heit & mem nr. 2 2021

Page 31

Fryske berne-apps Witsto dat der allegearre ferskillende Fryske berne-apps binne? Foar lytse en grutte bern? Spultsjes, ferskes, ferhaaltsjes… der is fan alles te dwaan! Ut in enkête ûnder Fryske heiten en memmen docht bliken dat noch net elkenien fan it bestean fan dizze apps wit – of yn elk gefal net fan alle. Dy’t se wol brûke, dogge dat benammen om harren bern in grutter ferskaat oan materiaal yn it Frysk oan te bieden. In oersicht:

1+

1+ Tomke Mei de Tomke-app kinne bern fan 2 o/m 6 jier sels ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-filmkes besjen. De spultsjes wurde oan de seizoenen oanpast, sadat der hieltyd wer wat nijs te dwaan is. • • • • • • • • • • • • • • • • • • • Lytskes Op de app “Lytskes” steane njoggen animearre Fryske berneferskes, dy’t earder ferskynd binne op de populêre dvd “Lytskes”. Sjoch mei dyn lytske nei de fleurige en werkenbere bylden, sjong mei de ferskes mei en stimulearje op in aardige manier de taalûntjouwing fan dyn berntsje! • • •

2+

2+

Hantsjes yn ‘e hichte Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, 5 nije en 10 tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels, mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene ferske is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftyd dêr tuskenyn. • • • • • • • • • • • • • • •

Wat heart wêr? Oeral misse dingen, kinsto se wer op it plak delsette dêr’t se thúshearre? Wat heart wêr is in learsume app foar beukers, dêr’t se boartsjendewei mei leare om foarmen te werkennen en yn ferskillende talen harren wurdskat fergrutsje. • • • • • • • • • • •

4+

2+

It Grutte Foarlêsboek Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte foarlêsboek’. In app mei prachtige ferhalen, gedichten, ferskes en spultsjes foar bern fan 2 jier ôf. • • • • • • • • • • • • •

30

31

Rinze de Kikkert De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Kinst de ferhaaltsjes sels foarlêze, mar se kinne ek ôfspile wurde. Der binne 4 ferskillende: “Rinze op reis”, “Rinze is gek op wetter”, “Rinze syn jierdei” en “Rinze’s AaBee”. Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes mei Rinze’s AaBee! • • • • • • • • •


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook

Articles inside

Kollum Berber Spliethoff

2min
page 42

Nije boeken

3min
pages 32-33

Tomkeferhaaltsje

1min
page 46

In Fries om utens

2min
pages 40-41

Je relatie heeft topprioriteit

5min
pages 34-36

Zelfvertrouwen

4min
pages 38-39

Tips tegen ochtendstress

2min
pages 44-45

Kollum Tjalling de Vries

2min
page 37

Kollum Sjoukje de Boer

2min
page 27

Tegearre spultsje dwaan

4min
pages 24-26

Fryske berne-apps

2min
page 31

Afûk-boekpanel

1min
page 30

Over meertalig opvoeden

4min
pages 19-20

Us húshâlding

2min
pages 22-23

Sa prate wy thús

2min
page 18

Bernepraatsjes

1min
page 21

Gearstalde húshâldingen

4min
pages 12-14

A is fan Aapke

0
page 3

Menstruatie op de basisschool

4min
pages 16-17

Kollum Andries Jelle de Jong

1min
page 11

Kolofon

3min
pages 4-5

Iten foar skoalbern

4min
pages 8-10

Help, ik ha bern

2min
page 15

heit&mem post

3min
pages 6-7
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.