4 minute read
Iten foar skoalbern
by heit&mem
Skriuwer: Klasina van der Werf Yllustraasjes: Kinderdieetcreatie
Wat dochsto yn it bôletrompke fan dyn bern?
Advertisement
Wat kinst no it bêste yn it bôletrompke fan skoalbern dwaan? En hoe giest om mei bern dy’t altyd mar roppich binne? Wat joust se as se út skoalle komme? Moatte se ek ekstra fitaminen ynnimme? Bernediëtist Marijke Tuinhof (31) fan Dieetstyle yn Dokkum fertelt wat skoalbern nedich ha.
Marijke wit út ûnderfining hoe lestich oft it soms is om bern oan it iten te krijen. Sels hat se twa bern fan krekt 5 en 3 jier. In famke en in jonkje. ‘Mei de âldste giet it iten goed, mar de jongste is in sinnige iter.’ In goed advys foar sûne bern op de basisskoalle (dus net bern mei medyske klachten) is folkoaren bôle, crackers, roggebrea, wraps of in broadsje. ‘Yn elk gefal is it wichtich om foar folkoaren te kiezen, want hoe mear fezels, hoe mear fieding. Ik fergelykje it foar bern altyd mei in ynpakt kadootsje. Folkoaren is in feestje foar it lichem. Bern ha it ek nedich, want se kinne der goed fan poepe. Foar bern mei in prikkelbere term ried ik speltbôle oan, mar dan wol 100% folkoaren. Goed de etiketten lêze, dêr stiet it wol op.’
Pimp dyn bôle
Mar wat smarst dan op ’e bôle? Ek dêryn is Marijke dúdlik. ‘Bûter, nútsjesmoar, meagere tsiis, kipfilet of griente en fruit. Kinst dyn bôle bygelyks “pimpe” mei komkommer, in bledsje slaad, avokado, ierdbei of banaan’, fertelt Marijke. Neffens de “skiif fan fiif” binne jam, appelstroop en sandwichspread net tastien, mar dêr hat Marijke net sa'n muoite mei. ‘It moat ek praktysk wêze.’ Yn hagelslach sitte hielendal gjin fiedingsstoffen, dus dat is net oan te rieden op bôle, mar ek dêryn kinst neffens Marijke in tuskenwei sykje. ‘Bygelyks allinnich hagelslach yn it wykein. Hoechst dyn bern ek net alles te ûntsizzen.’ Ek suvel is hiel belangryk, dat wurdt neffens de diëtist noch wolris fergetten.
It is goed dat bern healfolle molke, sûpe of soajamolke by it middeisiten krije. ‘Yn elk gefal gjin yoki. Drinkyochert soe noch kinne, mar net tefolle, want dêr sitte swietstoffen yn.’
‘Ik ha sa’n honger’
‘Ik ha sa’n honger’, sizze guon bern as se út skoalle komme. Wat dochst dan? ‘Njoggen fan de tsien kear drinke bern dan te min. Toarst en honger lizze ticht byinoar. Op it momint dat bern toarst hawwe, is it eins al te let.’ Wat neffens de bernediëtist ek meispilet, is hoe fluch oft der iten wurdt. Hoe flugger asto ytst, hoe minder gau ast sêd bist. ‘Dêrom bin ik ek net sa bliid mei it kontinuroaster,’ seit Marijke. ‘As mem wol hear,’ laket se, ‘mar fan myn wurk wit ik hoe belangryk it is om stadich te iten en dat giet op skoalle te’n koste fan de boarterstiid. Eins moatst wol tsien oant fyftjin kear kôgje foardatst in hap trochslokst. It ytregelsintrum yn ’e harsens hat tweintich minuten nedich om in goed sinjaal ôf te jaan nei de búk’, leit Marijke út.
Wetter is better
Oer watst de bern joust as se út skoalle komme is de bernediëtist dúdlik: fruit, griente of in hantsje nuten en drinken. ‘It leafst wetter, mar tee of fruchtesiroop mei ek. En griente en fruit kin fan alles wêze. Fariaasje is it kaaiwurd, safolle mooglik ferskillende kleuren. Fan snoeptomaatsjes en komkommer oant in banaan of in apel. Mandaryntsjes binne ek sûn, mar wol lyts, dêr kinne bern wol twa fan hawwe. Wat ek hiel lekker is: dadel mei nútsjesmoar, dat priuwt nei Snickers. En dan it leafst “100% pindakaas”. Paprika en hummus fine ús bern hearlik. Sels let ik ek op wat yn ’e oanbieding is, dat is dan faak it fruit fan it seizoen.’
‘Sûne koekjes bestean net’
In koekje by de tee is neffens Marijke net mear fan dizze tiid. Sûne koekjes bestean net. Dêr sitte tefolle sûkers en te min fiedingsstoffen yn. ‘En dy fiedingsstoffen binne no krekt sa belangryk. Dêrom is it ek goed om trije of fjouwer opskepleppels griente deis te iten. Meastentiids bliuwt it mar by ien of twa. As bern gewoan normaal ite, dan hawwe se ek gjin ekstra fitaminepillen nedich. Utsein dan bern oant 4 jier (fitamine D) en bern mei in donkere hûdskleur.’ Yn teory heart it allegear hiel logysk, mar hoe krijst dat yn ’e praktyk foarinoar? Hoe soargest derfoar dat dyn bern it krekte oantal fiedingsstoffen binnen kriget? Marijke: ‘Gewoan dwaan, mar net tefolle yn ien kear feroarje. Hâld it foaral gesellich oan tafel. En sa no en dan in snoepke, koek of sjips moat kinne. It bliuwe bern.’