2 minute read

Afûk-boekpanel

Next Article
Tomkeferhaaltsje

Tomkeferhaaltsje

Myn grutte syk- en ûntdekboek Fan alles wat rydt, fart of fl jocht

Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Advertisement

It boek ‘Myn grutte syk- en ûntdekboek – Fan alles wat rydt, fart of fl jocht’ is in fantastysk alsidich boek foar sawol pjutten as beukers. Op elke bledside is der fan alles te sjen, te sykjen, foar te lêzen en om oer te fertellen. Koartsein in boek dêr’t myn jonges harren skoften mei fermeitsje kinne!

‘Waaauw!’ wie dan ek de earste reaksje fan myn soan Hidde (3 jier âld) doe’t er it boek foar it earst seach. Hy begûn der fuortendaliks yn te blêdzjen en te fertellen wat er op elke bledside seach. Yn it boek nimme Fedde en Maaike, twa jonge bern, ús mei nei ferskate plakjes. Sa binne sy yn de stêd, mar ek op it plattelân. By de brânwachtkazerne, in bouput (Hidde syn favoryt), it fl eanfjild, it wetter, it stasjon, de wykmerk, mar se nimme ús ek mei nei de camping. Op elke bledside stiet in ferhaaltsje en kinne de bern sykje nei in tal plaatsjes dy’t ûnder it ferhaaltsje steane. Ek falt der op elke print safolle te besjen, dat de printen harren goed liene foar in petear. Sa freget Hidde him hieltiten ôf wat minsken op in print oan it dwaan binne en betinkt hy der dêrnei sels in ferhaal by. Dat moat dan nei it besjen/lêzen fan it boek fansels ek efkes neispile wurde mei syn eigen trekkers en ark. Mei dizze printen kinne wy dus noch wol efkes foarút, safolle falt der te besjen en te bepraten! Wat ik, as juf, ek sa goed fyn oan dit boek, is dat der yn de teksten oandacht bestege wurdt oan de wurdskatûntwikkeling fan de bern. Se brûke net allinne de maklike wurden dy’t de bern al kenne, mar besykje de bern ek nije wurden oan te learen. Wat is in platfoarm, wat docht in bergingswein en hoe sjocht in heaparse der bygelyks út? Allegearre fragen dêr’t de bern ûnder it lêzen fan dit boek en it besjen fan de moaie printen antwurd op krije sille. Binne jimme ek nijsgjirrich wurden nei dit nije, alsidige Fryske syk- en ûntdekboek, dan moatte jimme gau nei de (webside fan de) Afûk ta gean om dit boek te bestellen! Ik tink dat ik wol riede kin hokker boek heit of mem jûn (en de kommende jûnen) oan Hidde foarlêze moat foar it sliepen gean.

This article is from: