1 minute read

Kollum Berber Spliethoff

Next Article
In Fries om utens

In Fries om utens

IK BIN LIK

In jonge fan tsien jier komt de logopedypraktyk yn dêr’t ik doe wurke (yn it suden fan Nederlân). Syn mem, in Friezin om utens, hie de ôfspraak makke. Har soan kin de ‘R’ net sizze. ‘Hoi’, sis ik tsjin him. ‘Ik bin Berber. Wa bisto?’ ‘Ik bin Lik’, seit er. Mei begrutsjen sjoch ik him oan. Al tsien jier en noch nea hat er syn namme goed sizze kinnen. Ik gean daliks mei him oan ’e gong. Der binne yn Nederlân ferskillende soarten ‘R’. Yn it suden is de hûch-‘R’ gebrûklik. Yn it noarden de tongepunt-‘R’. En dan is der noch de, ûnder logopedisten sa neamde, ‘Kinderen voor Kinderen’-‘R’, dy’t klinkt as in hjitte jirpel yn ’e kiel. Dy ‘R’ wurdt net sjoen as in echte ‘R’. Bern begjinne faak de ‘R’ te brûken dy’t se om har hinne hearre. Meastentiids is de hûch-‘R’ wat makliker oan te learen as de tongepunt-‘R’. Ik lit it bern faak beide besykje. As Rik syn mem der oan ’e ein fan de behannelingssesje yn komt, seit Rik grutsk: ‘Hoi mem, ik bin Rik!’ Mar mem sjocht my lilk oan. ‘Wêrom hasto him sa’n rare “R” leard. Wy meitsje de “R” altyd mei de tonge.’ Ik lis har it ien en oar út en jou oefeningen mei om beide wizen te oefenjen. As Rik de oare wyks wer by my komt, hat mem wakker mei him oan it oefenjen west. Grutsk lit hy my de tongepunt‘R’ hearre: ‘Ik bin Rik.’

Advertisement

• Fan fjouwer jier ôf moat in bern alle klanken ûnderskiede kinne. Se kinne al in soad klanken útsprekke. Dat wol net sizze dat se alles al goed útsprekke kinne: bygelyks meardere bylûden achterelkoar, of in oare inkelde klank sa as de ‘R’ noch net.

• ‘R’ komt faak as ien fan de lêste klanken yn de taalûntjouwing. It hinget fan de taal- en spraakûntwikkeling yn syn gehiel ôf oft it fan belang is de ‘R’ te behanneljen.

• ‘R’ wurdt faak yn groep 2 behannele (mei 5 jier ûngefear). Meastentiids omdat it wichtich is om alle klanken goed út te sprekken by it skriuwen learen yn groep 3.

• ‘R’ wurdt faak wol behannele as it bern der sels lêst fan hat.

Berber Spliethoff is skriuwster, logopedist en Taal-Spraakpatolooch.

This article is from: