1 minute read

Tomkeferhaaltsje

Next Article
Seks

Seks

De platte taart

Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, fi lmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.

Advertisement

Oan it hûs fan Tomke hingje slingers. Want it is feest hjoed. Al 25 jier binne der ferhaaltsjes. Oer Tomke, Romke en Kornelia. Oer Yana Yu, buorman Piter en juf Klaske. Se steane allegear op ’e stoepe te wachtsjen. ‘Ja, ik sjoch har al!’ ropt Tomke. Der stoppet in deftige auto foar it hûs. In frou mei in ketting om stapt út. It is de boargemaster. De baas fan de gemeente. ‘Bin ik hjir by Tomke?’ freget se. ‘By Tomke fan dy moaie ferhaaltsjes?’ ‘Ja, dat bin ikke’, seit Tomke. ‘Ik ha in kadootsje’, seit de boargemaster. ‘In taart mei wol 25 kearskes.’ Se geane yn ’e hûs. Kornelia set de taart op ’e tafel. Romke sjocht nei de taart. Wat sjocht dy der lekker út! ‘Mei ik in stikje?’ freget Romke. ‘Eefkes wachtsje’, seit Kornelia. ‘De boargemaster wol noch wat sizze.’ ‘Wa makket dy moaie Tomke-ferhaaltsjes?’ freget se. ‘Auck, Riemkje en Geartsje’, ropt Yana Yu. ‘Wy misse Auck o sa’, seit Kornelia. ‘Luuk makket de tekeningen’, bromt Romke. Hy skoot tichter nei de taart. Wat praat dy boargemaster lang! ‘Ik moat wolris laitsje’, seit de boargemaster. ‘As buorman Piter mei Tomke yn de rolstoel yn de krystbeam reest. En Tomke grien hier krijt by de kapper.’ Romke harket net mear. Hy klimt op de achterkant fan de stoel. Hiel ticht by de taart. Sil hy in hapke nimme? Noch fi erder skoot er. En dan... kypt de stoel om. Romke falt foaroer yn de taart! ‘O, de taart!’ ropt Yana Yu. De taart is plat en de kearskes steane bryk. ‘Kom op’, laket de boargemaster. ‘Platte taart smakket lekker. Brike kearskes brâne ek. En... wy ha wer in nij Tomke-ferhaaltsje.’ Se krije in stikje platte taart. En Tomke? Dy blaast 25 kearskes út.

This article is from: