2 minute read

Seks

Next Article
Ferneamd

Ferneamd

De measte âlden hawwe it dêr leaver net oer mei harren bern. Mar tagelyk wit ek elkenien dat it wol belangryk is dat bern op in normale en sûne wize mei harren eigen lichem en seksualiteit omgean leare. Mar hoe soargest dêrfoar, sûnder daliks alles iepen en bleat op tafel te lizzen?

1

Advertisement

Begjin betiid

Wachtsje net oant de middelbere skoalle mei ‘it gesprek’. Op dy leeftiid hawwe se meastal al in soad heard en sjoen en binne der ek allegear emoasjes en gefoelens by belutsen. Op in jongere leeftiid stiet it noch wat fierder fan harren ôf en kinne se der iepener oer prate. Heakje yn op de tûzenen fragen dy’t in jong bern dochs al stelt, en jou earlik antwurd. Bern wolle witte hoe’t it sit, krekt as by alle oare ûnderwerpen.

Ljochtsje se foar

3 2

Pas dy oan it bern oan

Hoechst oan in 3-jierrige net fuort it hiele systeem út te lizzen. Op dy leeftiid is it al genôch om te ûntdekken dat der in ferskil is tusken famkes en jonkjes (betink eefkes hoe’tst de ‘dingen’ by de namme neame wolst). Letter komme der sûnder mis fragen lykas: ‘wêr kom ik wei?’, ‘hoe kaam ik út de búk?’, en de hamfraach: ‘hoe kaam ik dêryn?’. Wês yn it antwurd op dy lêste fraach ek dúdlik en beneam alles sa’t it is. Net allinne de plastyske saken, mar ek dat it de bedoeling is dat it fijn is en dat minsken it dogge as sy elkoar leaf fine.

Begjin ek al fan jongs ôf oan mei de grinzen en regels om seks hinne. Dat sy de baas binne oer harren eigen lichem, dat se altyd ‘nee’ sizze meie (dat begjint al betiid, as tante graach in tútsje ha wol) en dat it prima is om oan dyn pimeltsje te sitten, mar dat dat net oeral kin. Letter wurdt it belangryk om harren mei te jaan datst oppasse moatst mei social media, dat net elkenien is wa’t er seit dat er is en dat net elkenien de bêste bedoelingen hat. En fertelst se fansels ek wat se dwaan moatte om net te betiid heit of mem te wurden, of in ferfelende (geslachts)sykte op te rinnen. Der binne ek moaie foarljochtingsboekjes te krijen dy’t op in leuke wize ynformaasje jouwe.

4

Hâld it luchtich

Meitsje it net te dreech. As fragen ek mar in bytsje seksueel relatearre binne, fine folwoeksenen it al gau ûngemaklik wurden. Mar troch it ûnderwerp te mijen, makkest it just beladen en joust ûnbewust mei dat it net besprekber is. Troch gewoan antwurd te jaan, krije bern mei dat der neat is om dy foar te skamjen. Dat sy prima by dy komme kinne mei dit soarte fan fragen. En it belangrykste: dat seks wat moais is dêr’tst fan genietsje meist.

This article is from: