3 minute read

In Fries om utens

Namme: Baukje McCorkindale-Brouwer Wennet yn Nij-Seelân

Advertisement

Wêr komst wei en wat is dyn memmetaal?

Ik kom oarspronklik út Twizelerheide. Ik ha dêr in hearlike jeugd hân, banjerjend troch de wâlden. Frysk is myn memmetaal.

Hoe komst yn Nij-Seelân telâne en hoe foldocht it dêr?

Doe’t ik sa’n 18 jier wie, bin ik nei Ljouwert ferhuze, dêr studearre ik SPH. Doe’t ik klear wie mei myn stúdzje wie it lestich om in fêste baan te finen, dat ik besleat om in langere tiid op reis te gean. Ik gong op ’en paad, de wrâld yn mei myn backpack, dat wie in prachtich aventoer. Doe’t myn sinten oprekken, moast ik oan ’t wurk en kriich ik in baantsje yn in restaurant yn Nelson, NijSeelân. Dêr moete ik Daniel, myn tsjintwurdige man. Myn reis, dy’t mar seis moanne duorje soe, ferlinge ik oant in jier. Ik fûn Nij-Seelân echt in geweldich lân, mar ik wie noait fan doel om dêr wenjen te gean. Mar it libben hie wat oars yn petto en seis moanne nei’t ik werom wie yn Nederlân kaam Daniël ek nei Nederlân ta. Hy hie in kontrakt krigen by de rugbyclub yn Castricum en dêr ha wy doe fjouwer jier wenne. We hienen it beide goed nei ús sin, mar hienen swierrichheden mei Daniel syn fisums, dus sa kaam it beslút om foar twa jier nei Nij-Seelân te gean. Ik ha altyd sein dat it noait langer as twa jier wêze soe, ha noait echt ôfskied naam en hie al myn guod ûnderbrocht by famylje. Yntusken binne we al 11,5 jier fierder en binne we hjir noch altyd.

Hokker talen prate jimme thús?

We binne yntusken troud en ha trije bern krigen: Anouk fan 8, Liam fan 5 en Noah fan 3. Ik praat Frysk mei de bern, se kinne it floeiend prate en de Fryske wimpel wapperet yn de tún. We ha in soad Fryske boeken. Oarstalige boeken set ik safolle mooglik oer nei it Frysk, om it sa dúdlik te hâlden foar de bern. We hâlde

“DeFryskewimpel wapperetyndetún.”

fi a WhatsApp in soad kontakt mei de famylje en sa hâlde de bern ek kontakt mei harren neefkes en nichtsjes. En it wyklikse Skype-oerke mei pake en beppe kin fansels ek net mist wurde. Kinst úteinlik in Fries wol út Fryslân helje, mar Fryslân net út de Fries.

Wat mist it measte oan Fryslân?

We ha in moai libben. Wy ha yn ús hûs in prachtich útsicht oer de see en de bergen en de bern groeie op yn de wylde natoer. We wenje ticht by trije ferskillende ‘national parks’ en we binne altyd yn de bergen, de bosken of op of by it wetter. Ik mis Fryslân elke dei, foaral myn famylje en freonen, oeral hinne fytse, de kultuer en Fryske muzyk en fansels de minsken. Ik ha ek altyd probearre om yn elk gefal ien kear yn de twa jier werom te gean. Hoewol’t dat hieltyd dreger wurden is meidat wy mear bern krigen ha. It is in lange reis, foaral mei lytse bern dy’t net fan stilsitten hâlde. Op ’t heden kinne we troch de koroana gjin plannen meitsje, mar gelokkich ha wy krekt foar de koroana noch nei Fryslân west om in kâlde kryst te fi eren.

Doe’t ik oan it reizgjen wie, belle ik in kear yn in hostel mei myn âlders. Doe’t ik ophong, kaam der in âlde man nei my ta, mei triennen yn ’e eagen. Hy frege my at it Frysk wie wat hy heard hie. Doe fertelde hy my (yn it Ingelsk) dat syn âlders út Fryslân emigrearre wienen nei Australië en altyd Frysk praten hienen. Neidat se stoarn wienen, wie de taal mei harren meigongen en dit wie de earste kear dat hy it wer hearde. Dat wie in hiel bysûnder momint. Taal en wêr’tst weikomst bliuwt altyd sa belangryk yn alles watst dochst.

This article is from: