In Fries om utens
r -Brouwe orkindale C c M je k Bau Namme: lân n Nij-See y t Wenne
Wêr komst wei en wat is dyn memmetaal? Ik kom oarspronklik út Twizelerheide. Ik ha dêr in hearlike jeugd hân, banjerjend troch de wâlden. Frysk is myn memmetaal. Hoe komst yn Nij-Seelân telâne en hoe foldocht it dêr? Doe’t ik sa’n 18 jier wie, bin ik nei Ljouwert ferhuze, dêr studearre ik SPH. Doe’t ik klear wie mei myn stúdzje wie it lestich om in fêste baan te finen, dat ik besleat om in langere tiid op reis te gean. Ik gong op ’en paad, de wrâld yn mei myn backpack, dat wie in prachtich aventoer. Doe’t myn sinten oprekken, moast ik oan ’t wurk en kriich ik in baantsje yn in restaurant yn Nelson, NijSeelân. Dêr moete ik Daniel, myn tsjintwurdige man. Myn reis, dy’t mar seis moanne duorje soe, ferlinge ik oant in jier. Ik fûn Nij-Seelân echt in geweldich lân, mar ik wie noait fan doel om dêr wenjen te gean. Mar it libben hie wat oars yn petto
en seis moanne nei’t ik werom wie yn Nederlân kaam Daniël ek nei Nederlân ta. Hy hie in kontrakt krigen by de rugbyclub yn Castricum en dêr ha wy doe fjouwer jier wenne. We hienen it beide goed nei ús sin, mar hienen swierrichheden mei Daniel syn fisums, dus sa kaam it beslút om foar twa jier nei Nij-Seelân te gean. Ik ha altyd sein dat it noait langer as twa jier wêze soe, ha noait echt ôfskied naam en hie al myn guod ûnderbrocht by famylje. Yntusken binne we al 11,5 jier fierder en binne we hjir noch altyd. Hokker talen prate jimme thús? We binne yntusken troud en ha trije bern krigen: Anouk fan 8, Liam fan 5 en Noah fan 3. Ik praat Frysk mei de bern, se kinne it floeiend prate en de Fryske wimpel wapperet yn de tún. We ha in soad Fryske boeken. Oarstalige boeken set ik safolle mooglik oer nei it Frysk, om it sa dúdlik te hâlden foar de bern. We hâlde