![](https://assets.isu.pub/document-structure/210909084925-d4bf60be9cf1cb7d8dfe812436da349c/v1/920b67eeff901effd4463fafa53ed175.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
6 minute read
I ♥ omke/tante
by heit&mem
Ik omke / tante
It takes a village to raise a child
Advertisement
Omke Michiel (34) út Ljouwert is hiel wiis mei syn trije nichtsjes fan seis, fi if en twa jier âld. It binne de bern fan syn broer Pieter en skoansus Sjoukje en hy siket se gauris even op yn Snits.
Michiel: ‘Ik ha in skoft yn Dubai wenne. Ik wurke dêr foar de loftfeartmaatskippij Emirates en it wie in tiid fan hurd wurkjen. As ik dan in pear dagen yn Nederlân wie, gong ik fl uch even by de famylje del. De berte fan Ymre-Brecht ha ik noch wol meimakke, mar it meast seach ik de famkes fi a Skype fansels.
Doe’t ik yn ’e simmer fan 2018 defi nityf nei Fryslân weromkaam, woe ik beslist de ferlerne tiid mei myn nichtsjes ynhelje. Dat no kom ik gauris even del yn Snits. Ik ha de namme fan de omke dy’t altyd yn is foar in grapke, en dat hâld ik der graach yn. Fan ’t winter kaam ik in kear op redens, soms pak ik de mountainbike of de racefyts, mar meastal gean ik mei de camper. Dan ha ik de reuze-rôzeienhoarn ek mei. Dat ding is echt in feestje foar de fammen.
By oankomst hawwe wy sa ús rituelen. ‘Earst kofje’, sizze we dan, en dan komt der kofje mei gebak op tafel. AnneBerber snoept altyd earst de krêmlaach fan myn kofje ôf. ‘Dêrom ha ik read hier’, seit se. Anne-Berber, har mem Sjoukje en har suske Rose-Marth ha alle trije prachtich read hier. Man, as dy mei syn trijen njonkeninoar rinne, dan rint der wat!
Nei de kofje komme wy yn aksje: nei de boarterstún, in iisko helje of foarlêze, en we ha ek al ris nei de boerecamping yn Lollum west. It fi elt sa fertroud en eigen, dêr soe ’k myn libben foar jaan. No’t de fammen âlder wurde, wurdt it hieltyd leuker. Se prate mear en se hawwe harren eigen logika, dêr’t ik my soms oer fernuverje mar ek bot fan genietsje kin.
Doe’t ik in freondinne krige, gong sy fansels ek mei nei de famylje. Foar ús wie ’t noch wat pril, mar foar Ymre-Brecht, Anne-Berber en Rose-Marth wie it fuort dúdlik: dit is ús tante Tsjitske. Tsjitske en ik seagen inoar oan, sa fan ‘dat giet wol hiel rap’, mar it fi elt foar ús allegear goed, as ien grutte famylje!’
Tante Christien & Femke
Christien (21) wennet by har âlders yn Grou. Se swaait de doar foar my iepen, mei lytse Femke (1,5) op ’e earm. Femke har mem Janneke wennet mei har man en dochter even fi erderop.
Christien: ‘Earst fûn ik it idee dat Janneke swanger wie hiel lestich. Janneke wie noch mar 21, en hoewol’t it popke net pland wie, wie it berntsje-op-komst tige wolkom. Ik hie foar mysels in oare rûte útstippele en hie dat ûnbewust ek foar eagen foar Janneke. It pakte oars út. De swangerskip soarge earst foar ferwidering tusken Janneke en ús, ûnbegryp. Ek ús mem wie wat ôfwachtsjend, mar ús heit sei: ‘We kinne der better ien by ha as ien kwyt reitsje’, en dat wie krekt de draai dy’t wy mei syn allen nedich hienen.’
Doe’t de stoarm delbêde, waard de famylje wer ien en gongen de remmen los. As Christien bygelyks moaie romperkes hingjen seach, naam se dy mei foar it lytse berntsje-ûnderweis, de suskes makken tegearre in gipsbúk en Christien organisearre in babyshower foar Janneke en har freondinnen.
‘Doe’t wy ek noch hearden dat it in famke wurde soe, wienen we hielendal bliid! No’t ik thús studearje moat, de kroegen en winkels sluten binne en ek de measte sosjale kontakten weifalle, is Femke ús ljochtpuntsje yn koroanatiid. Se is hiel blier. Tegearre ha Femke en ik wat ekstra’s, as sitte we op inoars level. Ik fi el it as in hiele sterke bân. Hast alle dagen sjoch ik har even en dan boartsje we, jou ik har in fruithapke, gean we in eintsje om, binne we oan ’t gekjeien op ’e fyts of ûnderweis nei ’t babyswimmen en simmerdeis nim ik har wolris mei nei de pjutte-opfang dêr’t ik in fakânsjebaan ha. Omdat ik myn nichtsje sa’n soad sjoch, bin ik ek hiel thús mei har. As we op strjitte in ferske sjonge, en elkenien sjocht om, soe ik my foarhinne wol twa kear betocht ha, mar no bin ik grutsk dat ik har tante bin. Ik bin tankber en bliid dat Janneke my daliks lytse Femke tabetroud hat. Dat makket it hiel bysûnder.
Achterôf ha ik der spyt fan dat ik yn ’t begjin sa ôfwizend reagearre. Ik wit no datst soms better dyn eigen gefoel oan ’e kant sette kinst, omdat feroaring ek sa’n soad moais meibringe kin!’
![](https://assets.isu.pub/document-structure/210909084925-d4bf60be9cf1cb7d8dfe812436da349c/v1/aabf706848f659d6587d5cdc959f6bf2.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Tante Truus en Tiny
![](https://assets.isu.pub/document-structure/210909084925-d4bf60be9cf1cb7d8dfe812436da349c/v1/c06c7893f78fbacf4c7ace99129089a8.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Tante Truus hat in spesjale bân mei nichtsje Tiny (10), de dochter fan har broer en skoansuske dy’t no op de âlderlike pleats wenje. Truus en har freon wenje yn Nes mei har twa hast-folwoeksen soannen.
Truus: ‘Doe’t myn skoansuske har tredde berntsje Tiny krige, koe se wol wat help brûke. Om’t ús jonges al wat grutter wiene, stuts ik dêr nei myn wurk faak earst even oan foar in lytse hantaast. Dat koe bêst. Tiny komt hjir fan it begjin ôf oan in soad oer de fl ier en it is in fl eurige spraakwetterfal, optimistysk en hiel nofl ik. Tsjintwurdich komt se meast foar of nei skoaltiid. Earder paste ik hiele dagen op har. Dat is altyd ien grut feest! Ik bin aktiviteitebegeliedster yn Burgum en guon nifeldinkjes dy’t ik mei de bewenners doch, kinne Tiny en ik ek tegearre dwaan. Se hat hjir har eigen kast fol mei materialen. We nifelje, tekenje, fervje en kleurje en we meitsje freonskipsbantsjes as dat hip is. No is se dwaande mei TikTok-fi lmkes, dus meitsje wy tegearre TikToks fan hantsjeklapferskes en sa. Tiny lit my sjen hoe’t de kamera fan de mobyl stean moat foar de meast perfekte opname. Doe’t Tiny gatsjes yn ’e earen ha woe, stie se derop dat ik mei moast. It sjitten fan de gatsjes die wol wat sear, mar doe’t ik har treaste mocht, fûn ik dat wol bysûnder.
Tiny fi elt hiel eigen. Soms seit se: ‘Dat seit ús heit ek altyd.’ Dat fyn ik dan wer grappich. Sy krijt deselde opfi eding as ik myn jonges jûn ha. It fi elt as in sterke famyljebân dy’t yn de folgjende generaasjes trochgiet. It gefoel is miskien noch wol yntinser omdat wy al jong ús mem ferlearen.
Wy ha inoar doe fêstholden as bruorren en sus. Dan is it moai om te sjen dat soks trochgiet. It binne somtiden lytse dinkjes dy’t de bân fersterkje. Sa fi ele we ús ek ferbûn troch it widske dêr’t alle generaasjes yn lein hawwe. Mar fral ek troch in soad wille te hawwen mei syn allen.
Nei skoaltiid nimt Tiny gauris har freondintsjes mei te boartsjen, krekt as thús. Se is o sa grutsk op har grutte neven en stelt dy dan graach even oan de oare fammen foar. De jonges spylje har rol mei. Se groeie mei-inoar op en sy fi ele de famyljebân ek.’