Heit & Mem nr. 1 2021

Page 12

Ik

omke / tante

It takes a village to raise a child

Omke Chiel & Ymre-Brecht, Anne-Berber en Rose-Marth

Omke Michiel (34) út Ljouwert is hiel wiis mei syn trije nichtsjes fan seis, fiif en twa jier âld. It binne de bern fan syn broer Pieter en skoansus Sjoukje en hy siket se gauris even op yn Snits. Michiel: ‘Ik ha in skoft yn Dubai wenne. Ik wurke dêr foar de loftfeartmaatskippij Emirates en it wie in tiid fan hurd wurkjen. As ik dan in pear dagen yn Nederlân wie, gong ik fluch even by de famylje del. De berte fan Ymre-Brecht ha ik noch wol meimakke, mar it meast seach ik de famkes fia Skype fansels. Doe’t ik yn ’e simmer fan 2018 definityf nei Fryslân weromkaam, woe ik beslist de ferlerne tiid mei myn nichtsjes ynhelje. Dat no kom ik gauris even del yn Snits. Ik ha de namme fan de omke dy’t altyd yn is foar in grapke, en dat hâld ik der graach yn. Fan ’t winter kaam ik in kear op redens, soms pak ik de mountainbike of de racefyts, mar meastal gean ik mei de camper. Dan ha ik de reuze-rôzeienhoarn ek mei. Dat ding is echt in feestje foar de fammen.

Skriuwer: Ciska Noordmans Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

By oankomst hawwe wy sa ús rituelen. ‘Earst kofje’, sizze we dan, en dan komt der kofje mei gebak op tafel. AnneBerber snoept altyd earst de krêmlaach fan myn kofje ôf. ‘Dêrom ha ik read hier’, seit se. Anne-Berber, har mem Sjoukje en har suske Rose-Marth ha alle trije prachtich read hier. Man, as dy mei syn trijen njonkeninoar rinne, dan rint der wat! Nei de kofje komme wy yn aksje: nei de boarterstún, in iisko helje of foarlêze, en we ha ek al ris nei de boerecamping yn Lollum west. It fielt sa fertroud en eigen, dêr soe ’k myn libben foar jaan. No’t de fammen âlder wurde, wurdt it hieltyd leuker. Se prate mear en se hawwe harren eigen logika, dêr’t ik my soms oer fernuverje mar ek bot fan genietsje kin. Doe’t ik in freondinne krige, gong sy fansels ek mei nei de famylje. Foar ús wie ’t noch wat pril, mar foar Ymre-Brecht, Anne-Berber en Rose-Marth wie it fuort dúdlik: dit is ús tante Tsjitske. Tsjitske en ik seagen inoar oan, sa fan ‘dat giet wol hiel rap’, mar it fielt foar ús allegear goed, as ien grutte famylje!’


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.