1 minute read

Bernepraatsjes

Next Article
Tomkeferhaaltsje

Tomkeferhaaltsje

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Fonger (3) freget mem hoe grut de lytse poppe yn ’e búk is. ‘Sa grut as in paprika’, antwurdet mem. Fonger: ‘Oh, ik fyn paprika net lekker.’

Advertisement

Joarryt (2) sjocht yn it tsjuster nei de loft en seit: ‘Sjoch, in bollamp!’ (de moanne)

By Renske (4) thús sit moarns betiid in knyn op it hiem. Heit en mem witte net wêr’t hy wei komt en fan wa’t hy is. Heit seit dat de knyn miskien wol honger hat en hy tinkt dat de knyn wol in stikje bôle ha wol. Renske: ‘Mar wat moat hy der dan op ha?’

Frouke (4) woe even sjen oft de ierdbeien al read wienen. Dan sjocht se in reade ierdbei en seit: ‘Ik tink dat dizze al gear is mem!’

Eke (2) sit by beppe yn de auto. Se sjocht in wynmûne dy’t stilstiet. Beppe seit: ‘Dat komt omdat it net waait.’ Eke tinkt even nei en seit: ‘Ik tink dat der nije batterijen yn moatte.’

Jacob Sytze (4): ‘Mem, hast wer slingers op ’e eagen?’ (maskara op ’e wimpers)

Heit, mem en Yfke (3) dogge in spultsje: om beurt in ferhaaltsje fertelle en dan riede oft it echt wier is. Heit fertelt fan it siedsje fan de man, dat by it aaike fan de mem komt en sa útgroeit ta in baby. Yfke is stil, moat dan hurd laitsje en seit: ‘Haha, no mei mem wer in leugentsje fertelle!’ Jilles sjocht lekkere sûkelarje op tafel lizzen. ‘Mei ik dêr in stikje fan ha mem?’ ‘Nee Jilles,’ seit mem, ‘dat is in kadootsje foar beppe.’ ‘Mar beppe kin toch wol even diele?’

This article is from: