Heit & Mem nr. 1 2021

Page 21

BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Fonger (3) freget mem hoe grut de lytse poppe yn ’e búk is. ‘Sa grut as in paprika’, antwurdet

Frouke (4) woe even sjen oft de ierdbeien al read wienen. Dan sjocht se in reade ierdbei en seit: ‘Ik tink dat dizze al gear is mem!’

mem. Fonger: ‘Oh, ik fyn paprika net lekker.’

Eke (2) sit by beppe yn

Joarryt (2) sjocht yn it tsjuster nei de loft en seit: ‘Sjoch, in bollamp!’ (de moanne)

de auto. Se sjocht in wynmûne dy’t stilstiet. Beppe seit: ‘Dat komt omdat it net waait.’ Eke tinkt even nei en seit: ‘Ik tink dat der nije batterijen yn moatte.’

By Renske (4) thús sit moarns betiid in knyn op it hiem. Heit en mem witte net wêr’t hy wei komt en fan wa’t hy is. Heit seit dat de knyn miskien wol honger hat en hy tinkt dat de knyn wol in stikje bôle ha wol. Renske: ‘Mar wat moat hy

Jacob Sytze (4): ‘Mem, hast wer slingers op ’e eagen?’ (maskara op ’e wimpers)

der dan op ha?’

Heit, mem en Yfke (3) dogge in spultsje: om beurt in ferhaaltsje fertelle en dan riede oft it echt wier is. Heit fertelt fan it siedsje fan de man, dat by it aaike fan de mem komt en sa útgroeit ta in baby. Yfke is stil, moat dan hurd laitsje en seit: ‘Haha, no mei mem wer in leugentsje fertelle!’

Jilles sjocht lekkere sûkelarje op tafel lizzen. ‘Mei ik dêr in stikje fan ha mem?’ ‘Nee Jilles,’ seit mem, ‘dat is in kadootsje foar beppe.’ ‘Mar beppe kin toch wol even diele?’

20

21


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.