4 minute read

Feest foar Tomke

Next Article
Tomkeferhaaltsje

Tomkeferhaaltsje

foar Tomke! Feest

Advertisement

Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fl eurige jonkje dat mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren belibbet dêr’t alle pjutten gek op binne. Mar wisten jimme dat dat lytse pjutsje eins hielendal net sa lyts mear is? Hy bestiet al 25 jier! Tiid foar feest dus, dogge jimme mei?

Oer Tomke

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfi eders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.

Aktiviteiten en materialen

25 jier lyn waard it earste ferhaaltsje skreaun oer de pjut Tomke. Yn de rin fan de jierren is it projekt hieltyd fi erder útwreide, mei ferhaaltsjes, boekjes, fi lmkes, ferskes, hânpoppen, spultsjes, in app, in website, in temamap en in digitaal platfoarm mei praatplaten, wurdkaarten, boeketips en mear temamateriaal foar op de pjutte-opfang.

Sjoch op tomke.frl foar mear ynformaasje oer it projekt en de aktiviteiten en materialen fan Tomke.

It is feest!

Janneke Brakels & Sytse Broersma

Wy fi ere feest, feest, feest, want hjoed is de dei Feest, feest, feest, fi er it feest mei ús mei Hingje slingers op, wês no mar bliid Foar sa’n feest ha wy altyd wol tiid

Wy fi ere feest, feest, feest, want hjoed is de dei Feest, feest, feest, fi er it feest mei ús mei De muzyk mei oan, dûnsje mar bliid Foar sa’n feest ha wy altyd wol tiid

Wy fi ere feest, feest, feest, want hjoed is de dei Feest, feest, feest, fi er it feest mei ús mei Set dyn feestnoas op, laitsje mar bliid Foar sa’n feest ha wy altyd wol tiid Foar sa’n feest ha wy altyd wol tiid

Meisjonge en -dûnsje kin fi a tomke.frl

Wat sil Tomke allegear útfi ne dit jier?

Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’

Tomke kin net wachtsje oant it syn jierdei is. Hoefolle nachtsjes sliepen is it noch oant syn feestje? En dan einliks, hiperdepyp hoeraaaa, is it safi er! In prachtich ôftelboekje yn in bysûndere foarm. Te keap yn de boekhannel.

Tomke-toer

Dûnsjen, sjongen, moaie ferhalen en in echt Tomke-draaioargel! Tomke ‘toert’ yn juny troch Fryslân mei ferskate wurkwinkels by pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en biblioteken. Sjoch op tomke.frl foar it programma by dy yn ’e buert. Of nûgje Tomke sels út!

Nije Tomke-ferskes

By in feestje heart muzyk! Kinsto it Tomke-feestferske al meisjonge? Der binne noch fi if oare nije ferskes fan Tomke om mei te sjongen en op te dûnsjen!

Tomke op telefyzje

Fansels binne der yn juny wer nije Tomkeaventoeren te sjen op Omrop Fryslân. Fan 1 juny ôf alle dagen fuort nei Tsjil. En foar it echte jeugdsentimint: fan 21 o/m 26 juny binne alle dagen om 18.50 oere de alderearste tekene Tomke-útstjoeringen op telefyzje te besjen!

Tomke-feestkofferke

Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân hat Tomke in superfeestlike traktaasje: it Tomke-feestkofferke fol leuke kadootsjes! Mei û.o. Tomke-feestfl achjes, it nije Tomke-jubileumboekje, in lesbrief oer it tema feest en in dobbelspultsje foar jarige Jobs en Jetten.

Tomkes jierdeifeestje!

Tomke hâldt op 18 septimber syn jierdeifeestje! Kompleet mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Komme jimme ek? De kaartsjeferkeap set ein july útein.

Fryske Foarlêswike

Yn de Fryske Foarlêswike geane alle jierren hûnderten foarlêzers op besite by pjutteboartersplakken, deiferbliuwen en gastâlders om dêr foar te lêzen út it nije Tomke-temaboekje. Alle pjutten krije nei it foarlêzen it Tomke-temaboekje mei nei hûs, dit jier mei in ekstra ferrassing! De Fryske Foarlêswike is fan 27 septimber o/m 1 oktober, mei as tema: ‘tiid foar Tomke!’.

This article is from: