Heit & Mem nr. 1 2021

Page 16

Feest foar Tomke! Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje dat mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren belibbet dêr’t alle pjutten gek op binne. Mar wisten jimme dat dat lytse pjutsje eins hielendal net sa lyts mear is? Hy bestiet al 25 jier! Tiid foar feest dus, dogge jimme mei? Oer Tomke Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt. Aktiviteiten en materialen 25 jier lyn waard it earste ferhaaltsje skreaun oer de pjut Tomke. Yn de rin fan de jierren is it projekt hieltyd fierder útwreide, mei ferhaaltsjes, boekjes, filmkes, ferskes, hânpoppen, spultsjes, in app, in website, in temamap en in digitaal platfoarm mei praatplaten, wurdkaarten, boeketips en mear temamateriaal foar op de pjutte-opfang. Sjoch op tomke.frl foar mear ynformaasje oer it projekt en de aktiviteiten en materialen fan Tomke.


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.