![](https://assets.isu.pub/document-structure/210909084925-d4bf60be9cf1cb7d8dfe812436da349c/v1/13ead3b561187aed7f6784cb55da607a.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
3 minute read
Kolofon
by heit&mem
NR.1
FAN DE REDAKSJE
Advertisement
16
![](https://assets.isu.pub/document-structure/210909084925-d4bf60be9cf1cb7d8dfe812436da349c/v1/4c1c6ed0c18866d59a74f07cfc66e3c7.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Dieuwke van der Meer (haadredakteur)
‘Pak mar in boekje!’ sis ik tsjin ús Jilles fan trije as ik him op bêd bringe sil. Dêr komt er oan mei it boekje ‘Tomke op fakânsje’. Tomke, it lytse mantsje dêr’t pjutten al 25 jier lang mei grut wurde, fi ert dit jier syn jubileum. Sjoch op side 16 wat der dit jier allegear mei him te belibjen falt. As it boekje fan Tomke út is, sjocht Jilles my smeekjend oan. ‘Noch ien kear, mem?’ ‘Foarút, wy lêze it boekje noch ien kear.’ Tomke, pjutten kinne der gjin genôch fan krije!
30
Hieke Rienstra (redakteur)
Hat dyn bern in helm op ûnder it fytsen? Dat is fansels it feilichst, en wa wol no dat syn bern wat oerkomt? Ik moat der net oan tinke! Mar ja, as wy sa begjinne dan kin ik harren likegoed thúshâlde, dat is noch feiliger… As ik Anne-Loes Postma en Sandra van Baars fan Veilig Verkeer Nederland leauwe moat (lês side 30), dan is it foaral saak om ús bern fertrouwen te jaan yn it ferkear. Troch in soad mei harren te oefenjen, oan ’e hân mei te nimmen en harren stap foar stap fierder los te litten yn de gefaarlike bûtenwrâld. It liket it echte libben wol…
Kolofon
Redaksje:
Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Ciska Noordmans
Skriuwers:
Marrit de Schiffart Klasina van der Werf Marieke Vinckers Froukje Sijtsma Thea van der Schaaf Tjalling de Vries Berber Spliethoff Abel Reitsma Erwin van der Veen Carina Klinkvis Fleur de Vries
Fotografy:
Hippe Kiek Fotografi e by Sjoeke www.hippekiek.nl Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43
Korreksje
Ytsje Steen-Buwalda
Printwurk: Ink69 www.ink69.be
Redaksje-adres/útjouwer:
Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70
Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 36.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.
Dizze heit&mem is it earste nûmer dat yn 2021 ferskynd is.
Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fi a de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân.
De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld mar ek foar alle oare opfi eders fan bern fan 0 oant 12 jier.
Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl
Losse nûmers:
Losse nûmers kinne besteld wurde fi a websjop.afuk.frl, foarsafi er op foarried.
ISSN: 1878-4437
Heit&mem kinst ek folgje fi a:
Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.
Fleur de Vries (stazjêr)
De bijen, oft se no lyts of grut binne, strepen hawwe of De bijen, oft se no lyts of grut binne, strepen hawwe of just net, binne fan grut belang foar ús wrâld! Dêrom is it just net, binne fan grut belang foar ús wrâld! Dêrom is it belangryk dat wy sels en ús bern yn de takomst bijbewuster it libben trochgeane, om sa de bijestjerte tsjin te gean. Dat wie de reden foar de Afûk om it bijepakt, dat dy bestowers yn beskerming nimt, te tekenjen. Op side 36 fertelt de betûfte bijeû ndersykster en ymker Romé e van der Zee wêrtroch’t dy ynsekten yn gefaar ferkeare en wat wy dêroan dwaan kinne. Wy ha nammentlik mar ien wrâld en dêr sille wy goed op passe moatte. 36
![](https://assets.isu.pub/document-structure/210909084925-d4bf60be9cf1cb7d8dfe812436da349c/v1/b84b174a051a1a3f231d223a6ff46eca.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
12
Ciska Noordmans (redakteur)
‘It takes a village to raise a child’ seach ik ris earne stean en ik fûn dat in moaie útspraak. De measte bern groeie op yn in húshâlding, mar der binne safolle mear minsken dy’t in grutte ynfl oed hawwe op it libben fan bern. Ik fyn dat in hiel gerêststellend idee. Witsto noch fan dy gesellige omke of tante dy’t der altyd foar dy wie? Eartiids net wurch te krijen en letter mochtest har dyn grutste geheimen fertelle, en krigest goeried. Altyd tusken noas en lippen troch. Oer sokke ferhalen giet de reportaazje op side 12.
YNHÂLD
03 Ferske 04 Kolofon 06 heit&mem post 08 Hormoanen de baas?! 11 Sa prate wy thús 12 I ♥ omke/tante 15 Help, ik ha bern! 16 Feest foar Tomke! 19 Kollum Abel Reitsma 21 Bernepraatsjes 22 Us húshâlding 24 Mei de bern op ’e yogamatte 27 Nije boeken 28 Mei omke/muoike op de foto! 30 Je kind zonder stress wegwijs maken in het verkeer 32 Afûk-boekpanel 33 Online pesten 36 Bijbewust libje 39 Kollum Tjalling de Vries 40 In Fries om utens 42 Kollum Berber Spliethoff 43 Ferske 44 Seks... 45 Kollum Sjoukje de Boer 46 Tomkeferhaaltsje 47 Ferneamd