NR.1
FAN DE REDAKSJE
16
Dieuwke van der Meer (haadredakteur) ‘Pak mar in boekje!’ sis ik tsjin ús Jilles fan trije as ik him op bêd bringe sil. Dêr komt er oan mei it boekje ‘Tomke op fakânsje’. Tomke, it lytse mantsje dêr’t pjutten al 25 jier lang mei grut wurde, fiert dit jier syn jubileum. Sjoch op side 16 wat der dit jier allegear mei him te belibjen falt. As it boekje fan Tomke út is, sjocht Jilles my smeekjend oan. ‘Noch ien kear, mem?’ ‘Foarút, wy lêze it boekje noch ien kear.’ Tomke, pjutten kinne der gjin genôch fan krije!
30
Hieke Rienstra (redakteur) Hat dyn bern in helm op ûnder it fytsen? Dat is fansels it feilichst, en wa wol no dat syn bern wat oerkomt? Ik moat der net oan tinke! Mar ja, as wy sa begjinne dan kin ik harren likegoed thúshâlde, dat is noch feiliger… As ik Anne-Loes Postma en Sandra van Baars fan Veilig Verkeer Nederland leauwe moat (lês side 30), dan is it foaral saak om ús bern fertrouwen te jaan yn it ferkear. Troch in soad mei harren te oefenjen, oan ’e hân mei te nimmen en harren stap foar stap fierder los te litten yn de gefaarlike bûtenwrâld. It liket it echte libben wol…
Kolofon
Redaksje: Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Ciska Noordmans Skriuwers: Marrit de Schiffart Klasina van der Werf Marieke Vinckers Froukje Sijtsma Thea van der Schaaf Tjalling de Vries Berber Spliethoff Abel Reitsma Erwin van der Veen Carina Klinkvis Fleur de Vries Fotografy: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke www.hippekiek.nl
Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Korreksje Ytsje Steen-Buwalda Printwurk: Ink69 www.ink69.be Redaksje-adres/útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 36.000 eksimplaren. Der wurdt
wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. Dizze heit&mem is it earste nûmer dat yn 2021 ferskynd is. Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier. Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl
Losse nûmers: Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried. ISSN: 1878-4437 Heit&mem kinst ek folgje fia:
Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.