1 minute read
Afûk-boekpanel
from heit&mem nr. 2 2022
by heit&mem
Nije boeken!
€ 13,50
Advertisement
€ 9,99
De Bjusterbaarlike Baron (6-10 jier)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Simone Veenstra: “Sophie (11) fynt it aardich dat it boek oars is as oare boeken omdat der allegear dingen barre dy’t hielendal net kinne. Se fynt it ferhaal fan it heale hynder it leukst. Dêrneist is it ferhaal fan de bargesturt ek ien fan har favoriten, al is it wol wat sneu hoe’t it mei de baarch ôfrint. De Bjusterbaarlike Baron is in bysûnder moai boek, dat de fantasy fan ʼe bern prikelet en se meinimt nei in wrâld fol aventoer.” Winterboek (2-6 jier)
In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier. Mar gau (foar)lêze, sjonge en dwaan!
Irene Klompmaker: “Wylst ik it boek besjoch, komt Seppe der dochs efkes by stean. Hy komt in spultsje tsjin dêr’t er aardichheid oan hat: mei stiften it lyntsje folgje om te ûntdekken hokker pakje foar Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu is. It duorret net lang of wy hawwe al in pear spultsjes dien en twa gedichtsjes en in ferhaaltsje lêzen.”