3 minute read

Nije boeken

Next Article
Afûk-boekpanel

Afûk-boekpanel

Al dizze boeken binne te bestellen fia websjop.afuk.frl of freegje dernei yn dyn boekhannel

€ 15,-

Advertisement

Jelle en juf (4-8 jier)

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei … Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is.

Amanda Binnema: “We binne faak slop fan it laitsjen as we de ferhaaltsjes lêze. Jelle dy’t juf net heart, omdat syn earen noch op it nachtkastke lizze. In nij famke op skoalle dat net boartsje en prate wol, Jelle stoppet in pear batterijen yn har rêch en se begjint te praten. Of dy kear dat Jelle in ko meinimt nei skoalle, omdat er skjin syn nocht hat fan syn lekkende beker elke kear. Machtich moai betocht en in oanrieder foar elke learkrêft fan groep 1&2 om yn ’e klasse te hawwen. En ek foar elk grappich, tûk en leaf jonkje en famke en harren âlders in moaie oanwinst yn ’e boekekast.”

€ 14,95

Abe en de Aardichman (5-9 jier)

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him? In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint. Mei prachtige yllustraasjes.

Hilde van Kalsbeek: “It begjin fan it ferhaal is wol wat spannend. Al gau krijt it personaazje ‘Aardichman’ wat mear betsjutting. It boek jout in moaie ôfwikseling tusken ferbylding en werklikheid. Freonskip stiet sintraal, mar ek de âlde brânspuitauto fan pake komt hieltyd werom. It boek makket nijsgjirrich oant de ein.”

BERNEPRAATSJES

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Marrit (3) staat bij het kippenhok van haar pake en beppe en zegt: ‘Weet je wel waarom kipjes geen eitjes kunnen eten? Omdat ze geen handjes hebben!’

Fenne (2) hat in suske krigen en dêr is se wakker wiis mei. Doe’t se de kreamhelp útswaaiden, sei se: ‘Bedankt dat Agatha de baby brocht hat!’

Elske (5) hat wer allegear moaie nifelwurkjes makke op skoalle. Elske: ‘Mem, ik bin tink ik geboaren om moaie dingen foar jim te meitsjen!’ Bram (6): ‘Wit mem wat ik my no myn hele leven al ôffreegje?’ ‘Nou?’ seit mem. ‘Fiif plus fiif, is dat no PRESYS tsien? Of…’ ‘Ja, dat is presys tsien Bram’, sa leit mem út. Bram: ‘O ja, dus toch.’

Het is oudejaarsavond als heit vraagt of hij een astronaut af zal steken. ‘Nee!’ zegt Luke (7). ‘Ik wil liever nog op aarde blijven.’

Wij keken het EK vrouwenvoetbal op televisie. Ivo (2,5 jaar) komt aangelopen en blijft even staan kijken: ‘Klopt dat wol mem? Froulju dy’t fuotbalje?’ En ik maar denken dat ik hem een beetje geëmancipeerd opvoed.

Maeike (3) is op fakânsje en boartet op it springkessen mei in famke. ‘Zullen we “heit en memmeke” doen? Ben ik de mem, en jij de zus.’

Janna (4) freget oan heit en mem: ‘Ha jim my no hjir yn ’e keamer makke of dêr yn ’e wurkkeamer?’ Mem sjocht ferheard op. ‘Of bedoelst wêr ast berne bist?’ ‘Ja!’ seit Janna. ‘O, yn it sikehûs’, seit mem ferromme.

This article is from: