1 minute read

Zelf vogelvoer maken met kinderen

Krystkaarten

Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, filmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.

Advertisement

Tomke en Romke sitte by de grutte tafel. Dêr lizze kaartsjes en plaatsjes op. Romke pakt in plaatsje fan in krystbeam en Tomke plakt dat op in kaart. ‘Dizze kaart is foar Yana Yu’, seit er. ‘No meitsje we in kaart foar juf Klaske.’ Romke siket in plaatsje fan in stjer. en Tomke plakt dat wer op in kaart. ‘Sille we ek in krystkaart foar buorman Piter meitsje?’ freget Romke. ‘Ja, leuk!’ laket Tomke. Op buorman Piter syn kaart komt in plaatsje fan in krystman. Kornelia skriuwt op alle kaarten fan Tomke en Romke. No moat op elke kaart noch in postsegel. ‘Och, alle postsegels binne op’, seit Kornelia. ‘Sûnder postsegel kinne we se net fuortstjoere.’ Hè, dat is spitich. ‘Ik wit wat’, betinkt Kornelia. ‘Wy dogge de jas oan en bringe mei-inoar de kaarten teplak.’ ‘Joepy!’ roppe Tomke en Romke. ‘Dan binne wy postboades.’ Yn it tsjuster rinne se nei it hûs fan juf Klaske. Tomke triuwt de kaart mei de stjer troch de brievebus. No kuierje se nei it hûs fan Yana Yu. Dêr brâne de ljochtsjes yn de krystbeam, mar der is net ien yn de keamer. Romke triuwt de kaart troch de brievebus. Dan is der noch ien kaart oer, de kaart foar buorman Piter. Yn it fersoargingstehûs steane wol hûndert brievebussen yn de hal. Welke is fan buorman Piter? Kornelia siket en siket. ‘Ja!’ ropt se, ‘dit is ’m! Mei ik no postboade wêze?’ Dat mei fan Tomke en Romke. As se thúskomme, docht Kornelia de doar iepen. En wat leit dêr op de matte? In krystkaart foar Tomke en Romke! ‘De postboade hat hjir ek west’, laket Kornelia. ‘Fan wa ha we dy kaart krigen?’ freget Tomke. Kornelia lêst wat der op de kaart stiet. ‘Fan Yana Yu!’

Dit ferhaal komt út it winterboek, in wintersk dochboek foar bern fan 2 o/m 6 jier. Te keap foar mar € 9,99 fia websjop.afuk.frl

Skriuwer: Geartsje Douma | Yllustraasje: Luuk Klazenga

This article is from: