5 minute read

Molke jaan sûnder boarsten

Next Article
Tomkeferhaaltsje

Tomkeferhaaltsje

Wat hie it har prachtich like om har soantsje Rinse (no 8 moanne âld) fuort nei syn berte it boarst te jaan, sa’t se earder ek by dochter Mirthe (9) dien hie. Mar it mocht net sa wêze. Jannie de Haan (39) út Bitgummole moast acht jier lyn har boarsten amputearje litte.

Advertisement

‘Yn 2014 waard by my DCIS, in foarstadium fan boarstkanker, konstatearre’, fertelt Jannie. Dat late derta dat se fan beide boarsten ôfskied nimme moast. ‘It iene om’t it dêryn siet en it oare boarst previntyf, om’t ik gendrager bin.’ It wie in emosjonele en fertrietlike tiid foar har. ‘Je reitsje in diel fan je lichem kwyt, binne benaud foar de sykte, mar ek op oare fronten makket it in soad los.’

Jannie is net mear tegearre mei de heit fan Mirthe. Se learde har tsjintwurdige freon, de heit fan Rinse, yn 2017 kennen. ‘Hy ken my net oars as sûnder boarsten. Wat yntimiteit oanbelanget moast ik in nije balâns fine. Ik wie ommers ek in stik fan myn froulikheid kwyt. Lokkich kinne je je ek op oare lichemsdielen rjochtsje om je seksy te fielen.’

Nei de amputaasje gie Jannie in trajekt yn foar it pleatsen fan boarstprotezes. ‘Ik krige in rekonstruksje ûnder de hûd, ûnder myn boarstspier. Ik krige dêr letter in soad lêst fan en de boel begûn ek te lekken. Ik haw alles fuorthelje litten. Mar as ik fan tefoaren witten hie dat dy protezes ek nochris hiel gefaarlik wêze koenen, dan hie ik se der noait ynsette litten.’

Sa, sûnder protezes, liet Jannie har yn de lêste wike fan har twadde swangerskip ek fêstlizze mei in fotoshoot. ‘In dikke búk, mar wol plat: sûnder boarsten en protezes. Ik bin hiel wiis mei dy foto’s. It makket foar my taastber datst ek sûnder boarsten prachtich yn ferwachting wêze kinst.’

Yn dy perioade kaam ek it besef dat se har twadde berntsje net it boarst jaan kinne soe. Sels wurket Jannie as fasilitêr meiwurker op de ôfdieling Ferloskunde yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêrtroch praat se ek mei froulju dy’t krekt mem wurden binne en har bern it boarst jouwe. ‘Ik wist dat it momint komme soe dat ik sels gjin memmemolke jaan koe. Ik haw dêr yn al dy moannen nei talibbe en dêrom haw ik dêr ek net mear fertriet om hân.” Wat se wol lestich fûn, wie dat der by de kreamkursussen fan útgien wurdt dat je je bern sels it boarst jaan kinne. ‘It gie benammen oer it belang fan memmemolke en hoe’t je it bern oanlizze moasten. Ik fûn it alle kearen pynlik as dat ûnderwerp behannele waard. It soe goed wêze at der yn dy tariedende faze ek oandacht komt foar froulju dy’t ien of beide boarsten misse moatte en dus op in oare wize in konneksje meitsje moatte mei harren poppe.’

Guon froulju mei amputearre boarsten sette yn harren befalplan dat de ferpleging de poppe net fuort nei de berte oanlizze moat. Om’t dat konfrontearjend wêze kin. Jannie waard nei de berte fan Rinse fersoarge troch har eigen kollega’s, dat dy wisten fan har medysk dossier. ‘Ik woe wol hiel graach dat Rinse nei de berte fuort op myn hûd dellein wurde soe, sadat er dêr it fleske sykje koe.’

Rinse krijt dus keunstmolke. ‘Ik wit dat der froulju binne dy’t memmemolke donearje oan in molkebank, mar dat is hjir yn it noarden net sa bekend.’ In kollega fan Jannie hie sels oerproduksje en bea har oan om foar lytse Rinse te kolvjen. ‘Dat wie hiel leaf en dat rekke my ek, mar sjoen de koroanabesmettingen doarde ik de ekstra kontakten net oan.’ En dus genietet Jannie fan it libben sa’t it wol kin. ‘Ik haw lêsten foar it earst “plat” nei de sauna west. Ik moast echt in drompel oer, mar earder koe ik dêr ek altyd sa fan genietsje, wêrom no dan net? Minsken seagen wol efkes op, mar elkenien makket yn syn libben ferfelende dingen mei. Ik bin der noch en dat hie ek hiel oars kind, tink ik dan mar.’

Sa prate wy thús: Bart en Janine

Bart (38) en Janine (33) van der Kooi binne troud en ha twa bern: Dorian fan 6 en Thyme fan 2 jier. Heit Bart praat Frysk mei de jonges en mama Janine brûkt har memmetaal Nederlânsk mei de bern. Bart en Janine prate ûnderling Frysk.

Skriuwer: Nynke van der Zee | Foto: Hippe Kiek Fotografie

Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Spaansk, Farsi. Yn de húshâlding fan Bart en Janine binne alderhande talen te hearren. 'Ik bin taalcoach foar flechtlingen út Afganistan', fertelt Bart. 'Fandêr dat ik sûnt koart Farsi lear. En ik praat in aardich wurdsje Spaansk.'

Nettsjinsteande dy kleurrike talepracht yn ’e hûs wie Bart just dejinge dy't twifele doe't Janine foarstelde om de bern twatalich grut te bringen. 'Om’t ik as dosinte yn it basisûnderwiis wurke ha, wit ik hoe wichtich twatalichheid is', fertelt se. 'Doe't ik yn ferwachting rekke en Bart it idee foarlei om sawol Frysk as Nederlânsk mei ús bern te praten, moast er dêr wol efkes oan wenne.'

'Ik seach it Nederlânsk as in saaklike, ôfstanlike taal', leit Bart út. 'Ik brûkte it Nederlânsk sels allinnich op myn wurk. Frysk wie de taal fan thús. De taal dy't ik ús bern meijaan woe. Mar gelokkich hie ik njoggen moanne de tiid om deroer nei te tinken, want úteinlik hie Janine hielendal gelyk.’

As se mei de jonges prate, docht Bart dat dus yn it Frysk, en brûkt Janine steefêst it Nederlânsk, har eigen memmetaal. ‘De jonges switche sûnder problemen tusken beide talen. En se ferbetterje ús ek. As ik bygelyks yn it Frysk tsjin de bern sis dat we ite kinne, dan roppe se: “Nee mama, jij zegt eten”’, laket Janine. ‘Dat is by my krekt sa’, knikt Bart. ‘Ik sei lêsten: “We binne wer thuis.” Doe rôp Thyme: “Heit seit altyd thús.” Se binne dêr hiel skerp yn.’

Wêr't Bart en Janine Frysk mei-inoar prate, brûke Dorian en Thyme ûnderling Nederlânsk as se oan it boartsjen binne. Bart: 'Troch beide talen te brûken, leare de jonges al hiel betiid dat der in hiele protte ferskillende talen binne. En se pikke ôfgryslik rap nije talen op, sa as it Ingelsk. Krekt sa linich as se kopkedûkelje, sa linich binne se ek mei taal. Wy wolle net mear oars!'

This article is from: