3 minute read

Us heit en ik

Next Article
Neikommerkes

Neikommerkes

Foar it op bêd bringen mei heit Sjoerd út Parregea noch graach efkes krûpe en gek dwaan mei syn jonkjes Jelke en Lútsen.

Advertisement

Tegearre mei heit Wietze Oenema kin Elke Oenema (1,5) út Terbant alles! Sa as nei de stoarm yn Oranjewâld oer in omwaaide beam hinne rinne. Heit Diemer mei de bern, Logan, Aiden en Kian Tigchelaar út Hallum, by Roptasyl op de foto.

Heit Marcel Visser út Nij Beets hearlik op it strân tegearre mei Thije.

Oby Myers, Lily Myers en Oege Kool binne op It Amelân mei harren leave heit Martinus Kool út Dokkum.

Grutske heit Douwe mei syn dochter Femke Tolman (2) út Burgum en knuffel Jokie! Femke woe sa graach by heit yn de grutte frachtauto sjen. Sjoch se beide strielen!

Dit jier hawwe ús bern foar it earst mei west op wintersport. Wat ha we in wille hân! Berber op skyles en Jelmer op de slide de pyste del. Dizze foto mei heit Ronald de Jong út Jistrum is makke nei in dei fol sniewille.

Heit Pieter Lolkema en dochter Carmen út SintJânsgea rinne tegearre hân yn hân yn it bosk dat prachtige hjerstkleuren hat.

Heit Gerke Zijlstra en dochter Yneke út Ingwierrum tegearre by de skiep, om te sjen at alles goed is.

Ik bliuw by dy

Anke is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Mei it boek ‘Ik bliuw by dy’ krûpe wy op ’e bank en begjinne wy te lêzen. In nij boek is foar Sybrich (3) en Meinte (1) in lyts aventoer! Wêr sil dit ferhaal oer gean? En wat stiet der op ’e plaatsjes? Op ’e foarkant sjogge se in bear en in iikhoarntsje. It boek komt iepen… it aventoer kin begjinne!

‘Ik bliuw by dy’ is in prachtich ferhaal, op rym, oer in grutte bear en in iikhoarntsje. Se binne elkoars beste freonen. Mar soms fielt bear foar iikhoarntsje wolris wat ‘in soad’. As iikhoarntsje tsjin bear seit dat hy efkes allinne wêze wol, is bear wol teloarsteld… Iikhoarntsje genietet fan syn tiid allinnich. ‘Ik bin eigen baas, lekker frij en allinne. Ik kin gean en stean wêr’t ik wol. Wêr ek mar hinne…. Ik hoech neat te dielen, ik winskje wier net mear… behalve… ik mis bear!’

In boek oer freonskip, freonskip dy’t soms fielt as hast wat tefolle. Mar dêr’t de leafde by oerwint!

De yllustraasjes fan dit boek binne, yn al har ienfâld, prachtich. Meinte sjocht fan alles yn dit moaie boek. Drok meiwizend, troch gebearen en lûden makket hy dúdlik wat er allegearre sjocht. De bear, it iikhoarntsje, in boat, de taksy… Hy belibbet it boek hielendal mei. Sybrich begrypt wat der bart tusken bear en iikhoarntsje. Bear is fierstente grut foar de boat! En tegearre op ’e wipwap… dat kin net goed gean. Bear is ommers folle swierder! As it iikhoarntsje op it lêst seit dat hy bear mist, seit Sybrich: ‘Dat is wol jammer, mem…’

De yllustraasjes bringe de emoasjes fan bear en iikhoarntsje goed oer. As folwoeksene fiele je mei bear mei, dy’t alles sa goed bedoelt, en begripe je syn teloarstelling. En ek mei it lytse iikhoarntsje fiele je mei, foar wa’t de freonskip wat benearjend wurdt. Dy’t mei muoite syn grinzen oanjout, dan dochs syn freon mist en it dan wer goedmeitsje wol. It binne minsklike situaasjes, dêr’t wy ús allegear yn werkenne.

Gelokkich stapt iikhoarntsje yn ’e taksy en giet hy nei bear. Sybrich: ‘Iikhoarntsje wol wer freontsjes wêze!’ Bear wol earst net safolle fan him witte. Mar gelokkich hâldt iikhoarntsje fol en krûpt er boppe op bear om syn oandacht te fangen.

Leafde is alles. Want gelokkich: ‘Wy begjinne wer op ’e nij. Wy reparearje it gat. Wy meitsje wat stikken is, sa dogge wy dat.’

In moai boadskip dêr’t lytse en grutte bern mar ek folwoeksenen wat mei kinne.

‘Ik bliuw by dy, omdat ik fan dy hâld!’

This article is from: