
6 minute read
Neikommerkes
by heit&mem
Elske, Pieter-Lieuwe, Berber, Marije, Jildert & Klaas-Jesse
‘De berte fan Klaas Jesse yn ’e simmer fan 2021 hat net folle ynfloed hân op de gong fan saken yn ús gesin. Alles gie gewoan troch. Soms wie ik der nachts ôf om him it boarst te jaan en kamen de famkes krekt werom fan ’t stappen. Dan sieten se der efkes gesellich by. Der wurdt in protte mei him omsjoud. De iene docht him yn bad, de oare leart him boartsjen mei de bal. Fansels moast it idee earst wat wenne, mar doe’t Klaas Jesse ienris berne wie, fûn elkenien it geweldich. Grutte bern hawwe lykwols op in oare manier omtinken nedich as poppen. De fammen wolle wolris wat mei har mem dwaan. Soms nimme wy Jesse dan mei. De oare deis wie er it dêr net mei iens. Gûle. Doe sei ien fan ’e dochters: “Wat moatte wy mei dy poppe?!” Mar dat jout neat. Net alles hoecht altiten leuk te wêzen. Omdat Klaas Jesse in neikommerke is, hoecht hy mar te piipjen of der komt ien oandraven. Hy moat ek leare himsels te fermeitsjen. Dêr tink ik al om. Hy sil meikoarten ek nei de opfang. It is goed foar him om ek mei leeftiidsgenoaten om te gean. Ik belibje syn bernetiid o sa bewust. Ik wit dat it de lêste kear is en ik bin wat makliker wurden. As de earste ferkâlden wie, makke ik my dêr soargen oer. No tink ik, skriem mar even jonkje, it giet wer foarby. En as wy allegear byinoar binne, en der eins stofsûge wurde moat, jou ik foarrang oan ’e wille. Ik bin mei dizze lêste mear ûntspannen. It hoecht net mear sa perfekt. Yn dizze maatskippij moatte wy safolle: wurkje, nei de sportskoalle, sosjale kontakten ûnderhâlde, in kreaze partner wêze, ensfh. Dat lit ik no mear los. Wy krigen allinnich mar moaie reaksjes fan ’e omjouwing. Ik hie al trije bern doe’t ik mei Pieter Lieuwe troude. Wy woenen ek graach tegearre noch in bern krije, mar hienen dêr mei gjinien oer praat. Dus Klaas Jesse wie in grutte ferrassing.’
Advertisement

Anja, André, Inge, Cai, Jilles, Tinke, Sinne & Ties
‘Ik woe altyd in grut gesin. Us tredde bern is krekt foar de berte stoarn. Dêrnei wie ’t tige spannend om wer bern te krijen. Dochs krigen wy noch in fjirden en alles gie goed. De lytskes waarden grut, mar ik winske stikem noch in lytse poppe. Omdat ik âlder waard en it sa dochs ek moai wie, besleat ik it dêrby te litten. En doe waard ik op myn fjirtichste swier fan ’e fyfde! It moast sa wêze! Ik bin der sa wiis mei en it hâldt ús jong, sa’n lyts mantsje. De âldste betocht syn namme: Ties. Wy ha der Jits oan tafoege as twadde namme. Sa hat er deselde inisjalen as Tinke Jasmijn, syn ferstoarne suske. Boppedat bestiet de namme Jits út alle foarletters fan syn bruorren en susters. Ties is ek echt in ferbinende faktor wurden. As der ien thúskomt, smyt hy of sy de rêchsek yn ’e hoeke en freget daliks: “Wêr is Ties?!” Wy dogge de opfieding en it húshâlden mei syn allen. Myn man en ik hawwe drokke banen en de bern ha ek fan alles by de ein, mar der is altiten ien dy’t foar Ties soargje kin. Dat jout in folslein oare dynamyk as by de âldere bern. De fakânsjes binne foar ús tige wichtich. En mei syn allen oan tafel. Ties bringt safolle fleur en libbenens mei. Ik hoopje dat dat sa bliuwt en dat de bern troch him nei hús kommen bliuwe. En tsja, Ties wurdt betsjinne. As er deryn komt, ropt er: “Ik wol alles!” Dan giet er derfan út dat alle oanwêzigen fuort foar him yn ’t spier geane. Hy libbet ek yn in grutteminskewrâld. Dêrom besykje ik bewust lytsebernedingen mei him te dwaan. Nei bygelyks in bernefoarstelling of it swimbad. De omjouwing wie o sa meilibjend doe’t wy de swangerskip oankundigen. Dat hie ek mei ús skiednis te krijgen. Se binne bliid mei ús gelok.’
Help,

ik ha bern!
Martina, moeder van een dochter (10) en een zoon (8)
Mijn dochter van 10 jaar kan zichzelf niet goed vermaken, ze wil alleen maar op haar tablet. Als dat van mij niet mag, dan heeft ze geen idee wat ze moet doen en moet ik iets voor haar bedenken. Dit is eigenlijk altijd al wel zo geweest. Ik kan me hier niets bij voorstellen, ik kon vroeger uren op zolder of buiten spelen en bedacht altijd wel iets. Ik lees altijd dat vervelen goed is voor kinderen en wil haar dit ook graag leren, maar ik vrees dat ik hier te laat mee ben. Wat moet ik hiermee?
Advies kindercoach Hermina Terpstra:
Wat vervelend voor jullie, deze situatie. Weet: ieder kind vermaakt zichzelf wel eens niet. Dat is niet erg. Als je een patroon ziet, dan is het waardevol je dochter hierin te laten groeien.
Jezelf niet kunnen vermaken is iets wat vaak samenhangt met vervelen. Een vervelend gevoel. Als ouder mag je ruimte geven aan de emotie van je kind en grenzen stellen aan het gedrag. Je kind mag zich voelen zoals hij zich voelt. Neem het kind serieus, maar leer het ook relativeren. Hierin kun je zelf het goede voorbeeld geven. Accepteer het vooral, dat haalt de druk van de ketel. Neem het niet over. Stel wel grenzen aan het gedrag.
Van wie is het ‘probleem’?
Je dochter kan zichzelf niet goed vermaken. Ervaart zij dat zelf ook als een probleem of heb jij er meer last van? Als zij het zelf als een probleem ervaart, dan mag zij daar zelf iets aan doen.
Geen oplossingen bieden
Jij hoeft je dochter geen oplossingen aan te bieden. Zij is creatief genoeg om zelf een oplossing te bedenken. Geef vertrouwen en begeleid haar in het bedenken van oplossingen. Dat is waardevol voor het ontwikkelen van veerkracht, het zelfbewustzijn en het zelfvertrouwen. Bespreek vooral achteraf samen situaties. Van reflecteren leer je!
Wat kan ik wél zeggen?
Geef erkenning, toon begrip: ‘Ik snap dat het niet fijn is om niet te weten wat je kunt doen. Dat is ook niet leuk. Ik heb dat ook wel eens gehad. Ik begrijp je lieverd.’ ‘Het is wel fijn dat je nu even zelf kunt bepalen wat je met je tijd kunt doen. Wat zou je graag willen doen?’
Toch helpen?
Veel ouders die ik spreek, willen toch helpen. Ze willen het gevoel van verveling graag wegnemen en oplossen. Herken je dit? Dan kun je bijvoorbeeld zeggen: • ‘Je kunt mij helpen met een huishoudklusje’ (Vergroten zelfstandigheid) • ‘Hier heb ik een doos. Maak er iets leuks van’ (Creativiteit vergroten) • ‘Wil je spelen met de Playmobil of wil je liever bouwen met
Kapla? Waar heb je zin in? (suggesties aanreiken waar een kind zelf uit mag kiezen) • ‘Wat heb je lang niet gedaan en zou je nu kunnen doen?’ (Je dochter stimuleren om zelf tot een oplossing te komen)
Heb je vragen of wil je vrijblijvend sparren? Neem gerust contact met mij! Succes!
Hermina Terpstra Kindgeluk, coaching voor ouder(s) en kind www.kindgeluk.com | info@kindgeluk.com