2 minute read

Al boartsjend kommunisearjen leare

Next Article
Bernepraatsjes

Bernepraatsjes

Berber Spliethoff is skriuwster, logopedist en Taal-Spraakpatolooch. Mear witte?

www.kentalis.nl/watiseentos

Advertisement

Boeken oer it Hânen-âldenprogramma

Mem holp Elske op in soad flakken:

• Se joech Elske de romte om sels in petear te begjinnen. Elske leart sa om inisjatyf te nimmen. • Se lit Elske de lieding nimme. Elske bepaalt wêr’t se mei boartet en wat der bart. • Mem folget har. Se imitearret Elske. Dêrmei lit sy oan Elske sjen dat se nei har harket. Dat stimulearret Elske om te praten en faker yn petear te gean. • Se dogge of sizze om beurten wat. Beurtwikseling is ien fan de betingsten foar kommunikaasje. • Se besiket te beneamen wat Elske sizze wol. Krij ik ien hapke en do twa? Sa jout se Elske letterlik wurden en it goede foarbyld. Ek foeget se taal ta. Sa leart Elske wurden en sinnen om te brûken en te begripen. • Se praat rêstich en stadich op in natuerlike wize. Sa kriget

Elske de tiid om de taal te ferwurkjen en te begripen. • Se seit net: ‘Dat seist ferkeard’ of ‘Ik begryp dy net’. Negative feedback kin in bern blokkearje en dan leart it net mear. • Se jout in positive draai oan it gegeven dat se Elske net begrypt (‘It wurdt fêst hiel lekker’). • Elske is dochs teloarsteld en stoppet de ynteraksje. Mem jout har efkes de romte, mar hâldt de ynteraksje yn stân troch it spul fierder te spyljen (‘Sille we opskeppe? Hast ek in board?’) • Mem soarget foar in feilige situaasje wêryn’t Elske it tegearre praten moai fynt. Dat soarget derfoar dat Elske faker yn petear gean sil/tegearre boartsje wol. Sa kin Elske oefenje mei praten en groeie yn har taalûntjouwing. Elske en har mem hawwe it Hanen-âldenprogramma folge. Dat programma is yndirekte logopedyske terapy foar âlden mei jonge bern (fanôf 1,5 o/m 6 jier) dy’t net of amper prate en/of muoite hawwe mei ynteraksje. Alden krije mei dat programma mear ynsicht en hânfetten om de kommunikaasje-/ taalûntjouwing fan harren bern te stimulearjen yn it deistige libben. It programma wurdt hielendal fergoede troch de soarchfersekering.

De prinsipes fan it Hanen-âldenprogramma binne universeel te brûken om de taal- en spraakûntjouwing fan alle bern te stimulearjen. Tegearre mei wille kommunisearje stiet foarop. Dan leart in bern it measte. It wichtichste is om te sjen nei wat in bern nedich hat, it bern de lieding te jaan en him te stypjen en te ferrykjen wêr’t dat kin en by wat nedich is. Sa binne der ek bern dy’t in soad ferlet hawwe fan mear beweging of it brûken fan harren sintugen. It is wichtich om yn dat ferlet te foarsjen, dat te brûken en sa te begelieden yn in ynteraksje.

Bygelyks: lit bern mar springe fan it iene plak nei it oare, doch it tegearre en foegje taal ta. ‘Springe en noch in kear springe, no in grutte sprong, kinsto noch fierder?’ Ast derby stilstiest, dan silst sjen datst al in soad hiel goed dochst. En dat oare, dat kinst leare! Foardatst it witst, dochst it automatysk.

Skriuwer: Dieuwke van der Meer | Fotograaf: Erik Jan Koopmans

FRYSK YN ’E KLASSE

This article is from: