![](https://assets.isu.pub/document-structure/220609105521-4c5f3f4d58b47ebfc915978476634b15/v1/ee77a7c9edc9037d67572b157b9dcb7a.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
2 minute read
Ferske
by heit&mem
NR.1
FAN DE REDAKSJE
Advertisement
39
![](https://assets.isu.pub/document-structure/220609105521-4c5f3f4d58b47ebfc915978476634b15/v1/a78e16640f6cb34a5e8ddf55c80fe55c.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Dieuwke van der Meer (haadredakteur)
‘Binne wy der hast?’ hear ik fanôf de achterbank ús Jilles fan 4. Wy binne it doarp noch mar kwalik út. Autoriden mei lytse bern is altyd… hoe sille wy it beneame... in útdaging? Al hielendal as it om grutte ôfstannen giet. Ach, wy wurde der wol kreatyf fan. Want wa’t in giele auto sjocht, mei de oar knipe. (wol sachtsjes!) En wa sjocht as earste in fûgel en wit de namme dêr ek fan? Ek in autobingo docht wûnders. Sjoch gau op side 39, dêr fynst ien. Goeie reis!
Hieke Rienstra (redakteur)
Boartersôfspraakjes… It is in wrâld op himsels. Kin it hjoed, of is der swimles? Kin it freondintsje ek boartsje of moat dy nei de BSO? Mei it oare freondintsje ek meiboartsje? By wa boartsje wy? Jo kinne it der mar drok mei hawwe. Gelokkich hat Yfke it meastentiids sels allegear al regele en hoege wy allinne mar ja te sizzen. It leafst boartet sy alle dagen, mei elkenien en sa lang mooglik. Fan ús mei se, allinne mar gesellich. Mar is it net goed om sa no en dan ek ris lekker allinne te boartsjen? Op side 24 lêst it antwurd fan bernecoach Mirjam Visser.
24
Kolofon
Redaksje:
Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra
Skriuwers:
Marrit de Schiffart Sjoukje de Boer Andries Jelle de Jong Janna van der Meer Thea van der Schaaf Froukje Sijtsma Nynke van der Zee Berber Spliethoff Hermina Terpstra Klasina van der Werf Marieke Vinckers Tjalling de Vries
Fotografy:
Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke Therese Rijken Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43
Korreksje
Ytsje Steen-Buwalda
Printwurk: Ink69 www.ink69.be
Redaksje-adres/útjouwer:
Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70
Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 36.500 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.
Dizze heit&mem is it earste nûmer dat yn 2022 ferskynd is.
Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân.
De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.
Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl
Losse nûmers:
Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried.
ISSN: 1878-4437
Heit&mem kinst ek folgje fia:
Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.