![](https://static.isu.pub/fe/default-story-images/news.jpg?width=720&quality=85%2C50)
2 minute read
Sa prate wy thús
by heit&mem
FOLGJE
Clicks, views, likes, volgers en abonnees: op in trochsnee freedtemiddei fleane de Ingelske en Nederlânske turbotermen ús hjir om ’e earen. Simm (8) en Tomm (6) nimme dan faak wat freontsjes mei nei hûs om ús bisten te fersoargjen of binnen te boartsjen. Oan de ein fan de middei, as de Lego, de K’Nex en de Pokémonkaarten de put derút hawwe en it deade punt fan in enerzjy frettende skoalwike fol swimlessen en fuotbalpraktiken him sa’n bytsje oantsjinnet, dan meie de iPads it lêste oerke foar it jûnsiten noch even oan. Even rêst yn de tinte. Alhoewol, rêst...
Advertisement
Sûnder ek mar in sekonde fan de kostbere skermtiid te ferliezen, dûke de wisse mannen op harren tablets. Hast mei de eagen ticht fine dy lytse fingerkes al browsend en swipend flot en fluch wat se sa graach sjen wolle: YouTube fansels. Der bestiet online in groep jonge jonges dy’t bern oan harren YouTube-kanaal witte te binen as miggen op ’e sjerp. Chahid Charrak makket filmkes mei syn goudene Lamborghini, Royalistiq kin alderferskuorrendst goed kompjûterspultsjes spylje en Don de Jong filmet foarôf betochte grapkes. Wat der no krekt oan is om te gnuven nei oare minsken dy’t yn snelle auto’s fan trije ton harren boadskippen dogge, dy’t tjirgjend efter de Nintendo sitte om Mario nei in poddestoel te stjoeren of dy’t in munt fan twa euro fêstlymje op ’e dyk en dan filmje wa’t dêryn trapet: ik folgje it net. Mar die twa boefkes fan ús binne ûnberikber sa gau as de aventoeren fan harren YouTubehelden begjinne te spyljen.
By it jûnsiten fleane de sifers Bitoen en my om ’e earen. Simm: “Chahid heeft 326K abonnees heit, weet je wel dat K eigenlijk duizend betekent?” Dat wit heit wol. Tomm: “En sommige video’s van Don hè heit, die worden gewoon 4 of 5 miljoen keer bekeken, wist je dat?” Nee, dat wist heit krekt noch net. Us bern groeie hjoed-de-dei allegear op yn in digitale wrâld fan influencers en YouTubers. En sûnt ik foar myn wurk as sjobisferslachjouwer ek krekt in eigen YouTubekanaal mei myn ynterviews mei bekende Nederlanners en in Instagramaccount begûn bin, is moarns it earste wat myn jonges freegje hoefolle folgers heit hjoed op Instagram hat en hoefolle abonnees derby kaam binne op heit syn YouTube. Ik tink dat ik de jongens moarnier by de bôle wol fertelle kin dat heit der wer in pear folgers en abonnees by hat. Of hawwe jo gjin smartphone of tablet?
YouTube: Andries Jelle de Jong Instagram: @andriesjelledejong Andries Jelle de Jong (44) hat mei syn frou Bitoen twa Frysk-Fjetnameeske feintsjes.