![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/a393821c065564e220466aa313d37d9a.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
6 minute read
Adopsje
from heit&mem nr. 2 2022
by heit&mem
Bliid nijs út Bulgarije
By adopsje tinke je faak oan fiere lannen, mar Jan en Annet Hovinga út Noardburgum sochten it wat tichter by hûs. Yn 2014 waarden se heit en mem fan Alex (12) út Bulgarije. ‘Doe’t dúdlik waard dat wy sels net bern krije koenen, ha wy ús oanmeld foar in adopsjeberntsje út Nederlân’, fertelt Annet. ‘Mar doe’t Jan 40 jier waard, kamen wy dêr net mear foar yn oanmerking.’ It stel socht dêrom fierder. ‘Wy hâlde beide net fan fiere reizen en dêrom oriïntearren wy ús op Europa. Sa kamen wy op Bulgarije út.’ Nei de adopsjekursus en it ynfoljen fan alle papieren stienen de Hovinga’s sa’n fjouwer jier op de wachtlist. ‘Wy wienen hielendal út ’e skroeven doe’t wy Alex as berntsje foarsteld krigen.’ Alex siet yn in wenromte fan in adopsjebemiddelingsburo, om’t syn allinnichsteande mem net foar him soargje koe. ‘Hy sjocht ús as syn heit en mem, ek al wit er dat er út Bulgarije komt. Wy witte trouwens wa’t syn mem is, mar wy hawwe gjin kontakt mei har om’t sy sels út byld ferdwûn is.’ Alex wie fjouwer jier doe’t er nei Nederlân kaam. It waard de Hovinga’s oanret om him in jier lang thús te hâlden om goed te hechtsjen. ‘Mar dat fûnen wy te lang, want wy seagen dat Alex der ferlet fan hie om te boartsjen mei oare bern.’ En dus mocht er nei groep 1. ‘Alex is in hiele soarchsume en leave jonge. Thús giet it hiel goed, mar op skoalle fynt er it wolris lestich mei oare bern. Ek hat er te krijen mei konsintraasjeproblemen. Wy hearre in soad âlden mei adopsjebern út Bulgarije dêroer.’ Dat is ek de reden dat Alex in ekstra jier yn de beukerklasse sitten hat. Fia in ortopedagooch waard regele dat Alex in dei yn ’e wike ien-op-ien-begelieding krijt. ‘Dat giet hartstikke goed en dy master bliuwt takom jier ek yn byld as Alex nei de middelbere skoalle giet.’ Yn it jier dat Alex nei Fryslân kaam, wienen der noch 27 oare bern dy’t út Bulgarije wei nei Nederlân adoptearre waarden. ‘Mei de measte minsken ha wy kontakt en ienris yn it jier besykje wy inoar te treffen. Ek it bernetehûs yn Bulgarije jouwe wy sa no en dan in update hoe’t it mei him giet. Dat fine sy och sa prachtich. Sa hat Alex dochs in soarte fan Bulgaarske famylje. Letter wolle wy graach wer mei him nei it lân ta.’ Jan, Annet en Alex (12) Hovinga
Advertisement
Hotze en Folmer binne echte broers
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/cdb7575dc68b2481682c8abfdb1e2e30.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Soms freegje minsken harren wolris ôf oft se likefolle fan in adopsjeberntsje hâlde kinne soenen as fan in biologysk eigen bern. Dy fraach kinne Rients en Agnes Sybesma foar hûndert prosint mei ja beäntwurdzje. Fyftjin jier lyn waard it bakkersechtpear út Boksum mei help fan IVF heit en mem fan Hotze. En ja, se hâlde likefolle fan harren Sineeske adopsjesoan Folmer (11), dy’t tsien jier lyn harren gesin kompleet makke. ‘Doe’t wy Folmer foar it earst yn it echt seagen, moasten wy allegear gûle’, fertelt Agnes. ‘It fielde krekt as wienen wy wer befallen. Je wurde opnij heit en mem.’ It wie ek fuort hiel fertroud. ‘Fansels moasten wy oan elkoar wenne, mar dat gie hiel spontaan. It fielde as wie ús gesin no kompleet. De jonges sieten jûns gesellich yn bad te boartsjen as hie it noait oars west.’ De jonges kinne hiel goed meielkoar. ‘Se sykje inoar altyd op. Hotze is hiel beskermjend nei syn broerke ta, mar fansels hawwe se lykas oare broerkes ek wolris spul meielkoar. Dat heart derby.’ Yn Boksum binne de minsken allegear wend oan de Sybesma’s. ‘Folmer helpt ús ek wolris op it terras fan de bakkerij. Minsken fan bûten it doarp sjogge dan wolris nuver op at se him Frysk praten hearre. Dat ferwachtsje se dan net.’ Yn it paspoart fan Folmer stean ek syn Sineeske nammen Pu Fu Ching. ‘Mar Hotze en Fu Ching fûnen wy wat nuver byelkoar en dêrom hawwe wy in Fryske foarnamme keazen, mar wy woenen syn namme net útwiskje.’ Doe’t Folmer lêsten in opdracht fan skoalle krige om in stambeam fan syn famylje te meitsjen, moast er al efkes pikerje. ‘Wy prate der gewoan oer hear, mar op sokke mominten komme der fansels wol fragen oer syn biologyske âlden. De kâns dat wy te witten komme wa’t dat binne, is hiel lyts.’ Dochs tinke se der wol oan om oait nei Sina werom te gean. ‘Faak meitsje minsken in “roots-reis” as it adopsjebern sa’n 16 à 18 jier is. Dan kinne se sjen wêr’t harren woartels lizze. Dat liket ús wol moai om yn de takomst nochris te ûndernimmen.’ In berntsje adoptearje út in fier lân is in hiele ûndernimming, beslút Agnes. ‘Mar wy hienen Folmer foar gjin goud misse wold.’
Help,
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/10d1690cda639331afd89d48b48e12f9.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
ik ha bern!
Hennie, mem fan trije jonges (8, 6 en 3 jier)
‘As ik tegearre bin mei ús jongste, dan kin ik gjin stap sette sûnder dat er oan my fêstplakt sit. Ik mei net allinne nei boppen ta, hy wol it leafst tild wurde, en binne wy ergens op besite, dan hinget er my altyd yn ’e rokken. Hy is net ferfelend, mar it is ek wolris fijn om los fan him te wêzen. En it liket my foar him ek wol goed om lekker allinne of mei oaren te boartsjen. Is dat “plakgedrach” normaal?’
Fia de Facebookpagina fan heit&mem krigen wy ferskate reaksjes op Hennie har fraach. Hjirûnder binne in oantal te lêzen:
Joukje: ‘Ek al kin it berntsje noch lang net prate, altyd sizze wêr’tst hinne giest en datst wer weromkomst! Ek yn dyn eigen hûs.’
Maaike: ‘Myn jongste wie ek hiel plakkerich. Dat hat, op de wize wêrop’t it hjir beskreaun wurdt, oant 2 jier duorre, gok ik. Dêrnei waard it better. Se wol no (4 jier) ek sels ûnder bliuwe en as har sus derby is giet dat sowieso wol goed. As se allinnich is, slagget it heechút tsien minuten. Se groeie der fansels oerhinne tink ik, al snap ik hiel goed dat it fermoeiend is.’
Jacoba: ‘Ik snap dy, mar genietsje derfan. Skielk wol hy net meer plakke.’ Anneke: ‘As pjuttejuf tinke we der altyd om dat it berntsje heit of mem fuortgean sjocht; stikem fuortgean kin it bern just ûnwis meitsje, datst dan aanst miskien wer samar fuort bist. Dêrnei biede we treast en ôflieding en pakke in knuffeltsje út de tas. Wannear’t berntsjes dan rêstich binne, probearje we it út te wreidzjen; even in puzeltsje of kleurje. Earst tegearre en dan stadich hieltyd mear sels. Se wenne úteinlik oan de rûtine en dan giet it hieltyd better.’
Kim: ‘Twee van mijn dochters hebben dit. De ene is nu zes en niet meer zo plakkerig, de jongste is nu net twee en ik kan geen stap zetten zonder dat zij er ook is. Ook moet ik alles doen, anders wil ze het niet, denk aan drinken pakken, dekentje over, haar kleding en schoenen aandoen, naar bed brengen enz. Alleen ik mag dat doen in haar ogen. Soms enorm vermoeiend, met nog vijf kinderen boven haar, maar ik weet ook dat het tijdelijk is en je het dan gaat missen.’