2 minute read

Gedicht

Next Article
Tomkeferhaaltsje

Tomkeferhaaltsje

NR.2

FAN DE REDAKSJE

Advertisement

08

Dieuwke van der Meer (haadredakteur)

Ik folgje Karin al in skoft trou op Instagram. Se lit dêr filmkes sjen fan hoe’t har bern oan it gebaren binne. Hiel leuk om te sjen. Doe’t ús dochter Maaike in moanne as 10 wie, en dat is alwer 10 jier lyn, hawwe myn man en ik ek gebaren leard oan ús dochter. Dat wie écht hiel leuk om te dwaan. Doe’t se noch net prate koe, koe se ús dochs fertelle dat se noch wat mear drinken ha woe of hokker bisten se om har hinne seach. Doe’t ús soan berne waard, ha wy it like hurd wer oppakt. Mar ek al kinne se no beide hiel goed prate, noch binne dy gebaren soms in útkomst. Tink oan feesten mei lûde muzyk of ast op besite bist en wolst dyn partner dy’t oan de oare kant fan de keamer sit even wat melde. Gebaren binne echt net allinne in útkomst foar dôve minsken. Mear witte? Lês it hiele ynterview dat Tine mei Karin hie op side 8.

Kolofon

Redaksje:

Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra

Skriuwers:

Sjoukje de Boer Andries Jelle de Jong Tine van Knijff Janna van der Meer Ciska Noordmans Thea van der Schaaf Froukje Sijtsma Berber Spliethoff Klasina van der Werf Nynke van der Zee

Fotografy:

Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke Marion Stoffels Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje

Ytsje Steen-Buwalda

Printwurk: Ink69 www.ink69.be

Redaksje-adres/útjouwer:

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 36.500 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.

Dizze heit&mem is it twadde nûmer dat yn 2022 ferskynd is.

Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân.

De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl

Losse nûmers:

Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried.

ISSN: 1878-4437

Heit&mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

This article is from: