![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/f7d703682109084ef7904c07eb85101e.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
6 minute read
De bernekeamer
from heit&mem nr. 2 2022
by heit&mem
Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.
Miriam: ‘Wy hienen altyd in neutrale basis foar it keammerke. Mads syn keammerke wie foaral swart/wyt, dat wie doe yn. Noor har keammerke is wat sachter fan kleur. It bedsje is eins fan myn sus. Dat hat se jierren lyn ris ophelle fia Marktplaats, ús neefke hat deryn sliept, Mads hat deryn sliept en no sliept Noor deryn. Myn sus hat it grien ferve en ik ha it nea oerferve, want ik fyn de kleur eins wol hiel moai sa. De ljochtgrize klamboe ha ik spesjaal kocht, dat jout wat in geborgen hoekje en it folle it keammerke moai op. It berneweintsje fan Olli Ella hat se krigen foar har earste jierdei. De pop is in ingel en komt fan Sissy-Boy en it grize tekkentsje hat Noor har beppe breide.
Advertisement
De borduerring mei de reinbôge dy’t boppe har bedsje hinget, ha ik sels makke doe’t ik yn ferwachting wie fan Noor. Krekt as it bêdeguod yn it berneweintsje, dat ha ik makke foar har earste jierdei. Ik hâld derfan om sels dinkjes foar har en har keammerke te nifeljen.
De berne keamer
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/d300e08676655c0718930b2c9d490e00.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
De flier wie earst donkerbrún, dy ha ik opskjirje litten. It ljochtrôze kleedsje is fan it Frânske merk Tapis Petit, sa’n kleedsje is altyd wol fijn op in houten flier.
It wandrekje is eins in boekerek. Op de foarige skoalle dêr’t ik wurke, soenen se it rekje nei it stoart dwaan. Dat fûn ik skande. Ik ha ’m sels opferve, gatten deryn boarre en der in ilestyk trochdien.
Minsken doare faak net wat te besykjen. Mar wat kin der misgean? Besykje gewoan wat, behang is sa wer oerplakt en in muorre is sa wer opnij sauze. En as dyn bern âld genôch binne, nimst se mei yn it proses. Lit de bern dan sels kleurkes útsykje. It is hiel handich om in moodboard te meitsjen. Brûk it behang as basis, sykje dêr ferfkleurkes by en gean dêrútwei fierder. Dan moat it altyd goed komme.’
Instagram fan Miriam: miriamhoekstra
Hasto thús ek in moaie bernekeamer en soest dêr ek ris oer fertelle wolle yn de heit&mem? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/5e03be29b217810fb19909c543a0a428.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/7d7490cda26201c824302d21b0e1957d.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Als (helpen) opgroeien een uitdaging is
Bij onze praktijk komt een verwijzing binnen van Milan. Milan is 7 jaar. Hij heeft driftbuien, luistert slecht, is heel druk en op een negatieve manier gefocust op andere kinderen. Met name zijn moeder zit met haar handen in het haar. Milan zoekt constant grenzen op en daagt je uit. Dat doet hij zowel thuis als op school. Bovendien lukt het hem niet om taken af te krijgen. Het is thuis niet meer gezellig en op school gaat het ook niet goed. Het kan zo niet langer.
In het eerste gesprek met zijn ouders vertellen zij uitgebreid over Milan en wordt er meer duidelijk. We helpen Milan door zowel zijn ouders als school te ondersteunen bij zijn gedrag. We maken direct de afspraak dat onze pedagoog thuis meekijkt: wat gebeurt er en hoe wordt er gereageerd op het gedrag van Milan. Op school observeren we Milan en zijn leerkracht en we nemen een intelligentietest af. Na deze observatie, onderzoek en het in kaart brengen van de ontwikkeling van Milan, komen we in overleg met de psychiater tot de diagnose ADHD. We maken in afstemming met de ouders en school een gezamenlijk ontwikkelplan waarin het creëren van rust en structuur bieden de belangrijkste aandachtspunten zijn.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/a93a2368d8c9dee3fd5c93dd8a72dbe5.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
De psychiater schrijft Milan medicatie voor, de pedagoog gaat met de ouders aan de slag. We helpen ze het één op één contact met Milan weer terug te krijgen en laten ze vooral ook weten dat ze het als ouders gewoon goed doen. Op school zorgen we ervoor dat Milan vaste plekken heeft voor zijn spullen en zijn plaats in de klas. We laten de aanpak vanuit school op thuis aansluiten en andersom. Denk aan het gebruik van de pictogrammen waarmee school aangeeft wat je op een dag gaat doen. Thuis komen dezelfde pictogrammen terug in de weekplanning. Omdat blijkt dat Milan motorisch ook achterblijft, plannen we ondertussen ook een traject bij de fysiotherapeut van ons paramedisch team.
En het werkt! De driftbuien nemen af, school én ouders redden zich veel beter met het gedrag van Milan en hij ontwikkelt zich weer. De moeder beseft dat ze een zoon heeft die een speciale aanpak nodig heeft, maar ze kan wel weer gewoon moeder zijn in plaats van begeleider. Het is mooi om te zien hoe we er met onze werkwijze voor zorgen dat iedereen in zijn eigen kracht gezet wordt. Met het kind als middelpunt in zijn eigen omgeving.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/221110124455-de40701318b9ef851dcf2487a10a0605/v1/e5cb0d12b6588a7506c697fe4ee3e185.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Thuis en school
worden op elkaar afgestemd
Je kunt bij ons terecht voor onderzoek en behandeling op het gebied van:
Jeugdhulp
Dyslexiezorg
Leerlingenzorg
> Rechtstreeks contact met een psycholoog of orthopedagoog.
> Persoonlijke zorg in een kleinschalige setting.
> Wij behandelen in Friesland, Groningen en Drenthe
Een kind aanmelden
Neem contact met ons op via:
zorg@cedin.nl
088 0200 300 www.cedinzorg.nl
Foar skut!
Wannear koesto wol troch de grûn sakje om wat dat jim bern sei?
Luchiena Loonstra: Myn soan frege oan beppe wat dy twa krûpelhintsjes dienen, want se sieten opelkoar. Beppe fertelde dat se krûpten en fereale wienen en sa ek berntsjes krigen. Hy hie it hielendal begrepen. Op skoalle fertelde er fuort oan elkenien: ‘Us heit hat op ús mem sitten en no sit der in lytse poppe yn mem har búk!’
Erica van Dijk: Mijn oudste dochter (toen 4) zei op een vol schoolplein, midden tussen een groepje moeders: ‘Weet je, mijn mama doucht nooit!’ Ik, alleenstaande moeder van twee dochters van toen 2 en 4, douchte altijd als de meisjes sliepen, dus dat zagen ze nooit!
Froukje Haaksma: ‘Yn de coronaperioade wie Yfke (4) thús fan skoalle, want se wie net fit. Tegearre gienen wy nei de Action, dêr’t se ynienen kochelje moast en troch de hiele Action raasde dat se corona hie. Ien foardiel: ik hie ynienen in hiel soad romte om my hinne. Saskia: Wy wienen Melissa (3) krekt oan it learen om mei de mûle ticht te iten. In wike letter hienen wy in trekkermonteur op besite dy’t mei ús mei-iet. Under iten wienen wy gesellich yn gesprek en Melissa die goed har bêst om mei de mûle ticht te kôgjen. Doe seach se rjochting de trekkermonteur en sei: ‘Mem, sá moatst dochs ite?’ en doe die se it even foar. ‘Dy man moat it seker noch efkes leare, mem!’
Inge Lukkes: Zoontje (bijna 2) en ik staan te wachten in de rij bij de kassa. Een oudere dame legt haar boodschappen op de band. Terwijl ze bukt laat ze een scheet, waarop zoontje reageert: ‘Ohh, poep!’
Jolanda Feenstra: Ik ha in kear in buorjonkje fan skoalle helle op ’e fyts. Hy moast achterop sitte en sei: ‘Buorfrou hat wol in dikke kont, ik ha net safolle plak!’
Jitske Reitsma: Ik wie yn de winkel mei myn soan (doe 3), doe’t der in freonlike jonge by ús del rûn en ‘hoi’ sei. Myn soan sei doe tsjin dy jonge: ‘Us mem hat ús heit al hear!’ Wietske Fennema: Us 10-jierrige dochter sei by it ôfrekkenjen fan har klean yn in djoere kleanwinkel dat we net sa seure moasten oer it bedrach, want wy hiene jild genôch! ‘O ja?’ frege ik har. ‘Ja hear! Mem kin alle moannen ek noch in dikke ferkearsboete betelje, dus dan binne dizze klean peanuts!’ Alle oare klanten lústeren gniffeljend mei.