3 minute read
Kolofon
from heit&mem nr. 2 2022
by heit&mem
Op de cover
Op de cover staan Rune en Wytze (beide 11 jaar) uit Scharnegoutum. Rune en Wytze kennen elkaar al van de kinderopvang. Ze voetballen, gamen en vissen graag samen en zijn echte maten. Daarnaast doen ze de vetste flips op de trampoline!
Advertisement
35
Ciska Noordmans (skriuwer)
Dizze kear gong ik foar heit&mem nei Harich foar it ferhaal achter ‘Luisterkind’. Dy metoade giet derfan út datsto mei ien kommunisearje kinst sûnder dat dy persoan by dy yn deselde romte is. It wie in nijsgjirrich petear! Baukje Postma leit út dat elkenien it kin, ast der mar foar iepenstiest. Wolsto mear witte, sjoch dan op side 35.
Hieke Rienstra (redakteur)
Ferline jier moasten wy ús kollega Lisa in skoftke misse op kantoar. Sy hie de kar makke om in operaasje te ûndergean om’t sy drager is fan it BRCA-gen, in gen wêrmei’t it sa goed as wis is datst boarstkanker krijst. It wie in spannende tiid foar har. Wy wiene dan ek allegear hiel bliid mei it nijs dat de operaasje(s) en it herstel goed ferrûn wiene. En it nijs waard allinne mar better, want begjin dit jier fertelde Lisa dat sy en har man in twadde berntsje ferwachten. Markus Freddie Anno is yntusken berne, lokwinske heit en mem en grutte broer Lennie!
24
ynhâld
03 Gedicht 04 Kolofon 06 heit&mem nijs 08 Gebaretaal 11 Sa prate wy thús 12 Adopsje 15 Help ik ha bern 16 De bernekeamer 21 Foar skut! 22 Us húshâlding 24 Lisa hat it gen foar boarstkanker 27 Kollum Sjoukje de Boer 28 Bêste freonen 31 Afûk-boekpanel 32 Nije boeken 34 Bernepraatsjes 35 Luister naar je hart 38 In Fries om utens 39 Kollum Andries Jelle de Jong 40 ‘Myn bern wol net ite, wat moat ik no?’ 42 Fuort mei de sobber! 45 Zelf vogelvoer maken met kinderen 46 Tomkeferhaaltsje 47 Ferneamd
Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl
Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.
nijs
Wisto dat…
• der ek online edysjes fan heit&mem fergees te downloaden binne fia websjop.afuk.frl? • Keimpe de Krokodil alle moannen in lêstip jout op heitenmem.nl? De lêstip fan novimber is it winterboek • wy fergees dyn Fryske bertekaartsje neisjogge? Mail dyn tekst yn Word nei ynfo@heitenmem.nl • der in nije oerset-app te krijen is?
Sjoch: oersetter-app.nl
In nije Berneboeke-ambassadeur!
Tialda Hoogeveen is mei yngong fan takom jier Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân! Sy sil twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra op.
Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”
Koartlyn fersoarge Tialda de Fryske oersetting fan it Oekraynsk printeboek ‘Maia en har freonen’ en ferskynde fan har hân ‘Abe en de Aardichman’, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.
Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht. De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.