1 minute read
nijs
from heit&mem nr. 1 2023
by heit&mem
Bûseskatten
Fan in fergetten suertsje oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in ûlebal, fan in kleurde plestik dop oant in wjirm. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld.
Advertisement
Wy, Barbara en Reina&Greetje, meitsje in boek oer bûseskatten. Mar dat kinne wy net sûnder dy! We ha al in tal moaie skatten, ferhalen en foto’s fan jimme krigen, mar hoe mear skatten hoe better. Ja, dochs? Dus, bisto ûngefear tusken de 3 en 7 jier âld en wurdst krekt sa bliid fan jas- en broeksbûseskatten as wy? Leegje dan dyn bûsen, meitsje in foto fan dyn bûseskat en bewarje him goed. Stjoer de foto fan de skat mei dyn namme, leeftiid, fynplak + datum en dyn ferhaal nei buseskatten@gmail. com. Miskien wolst ús ek noch fertelle wêrom ast de skat meinaam hast. Dan meitsje wy der in moai boek fan. Foar elkenien. De moaiste, gekste, gewoanste of bysûnderste, alle skatten binne wolkom. En bist nijsgjirrich nei ús eigen sammele bûseskatten? Dan kinst ús folgje op Instagram @buseskatten of #bûseskatten. Giest mei te bûseskatsammeljen?
Graach ynstjoere foar 3 septimber 2023.