![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/de1eb3ca07fb151b2099f62a6673523a.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
1 minute read
HEIT
from heit&mem nr. 1 2023
by heit&mem
Jim kenne se wol, dy indoor boartershallen fol klimtouwen, ballebakken, springfellen en oar drok fermeits. Twa oerkes nei sa’n berne-útraas-fabryk en jo hawwe net allinnich de rest fan de dei de geur fan switsokken yn ’e noas, mar de earen sûze en rûzje noch in aardich skoft nei fan al dat bernestimmegeweld. Soms in útkomst op in reinige dei. Mar leafst net te faak.
As âlders besykje wy ús bern yn de wykeinen en fakânsjes net allinnich mar boartsje te litten; wy fine it ek wichtich om harren wat kultuer mei te jaan. Op reiskes geane wy altyd nei in museum, eksposysje, katedraal, atelier of lokale merk. By strjitmuzikanten bliuwe wy even stean en meie Simm en Tomm in euro jaan, wat sy skitterjend fine. Foar tripkes nei it bûtenlân begjinne wy yn de auto of it fleantúch al te oefenjen mei de meast brûkte wurdsjes en sintsjes yn dy taal. Sadwaande dreune de wisse mannen no noch sûnder stinnen ‘teşekkürler’ op as wy freegje wat ‘dankewol’ ek alwer yn it Turksk is.
Advertisement
Mar foar kultuer hoege jo fansels net altyd sa fier fuort. Mei belangstelling lêze ús jonges de gedichten dy’t heit hjir en dêr yn Drachten, Aldegea, Nyegea, De Pein, De Tike, Boarnburgum en Rottefalle oanbrocht hat. Ek foar myn nijste projekt mei trûbadoer Adri de Boer wie it net dreech om de boys te ynteressearjen. Sûnt 2019 hawwe Adri en ik − fansels yn ’t djipste geheim − ferskes fan Stef Bos oerset yn it Frysk. Mei syn juwiel fan in stim bringt Adri dy nûmers as skitterjende pearels foar it ear. Us projekt hat in cd oplevere dy’t koartlyn presintearre is yn De Skâns fan De Gordyk. Stef Bos wie der sels ek by en fansels woene Simm en Tomm dat net misse. It konsert wie lykwols te let op ’e jûn en dus moasten de jonges it de oare moarns dwaan mei de filmkes. Mei grutte eagen seagen de mannen hoe’t De Boer en Bos tegearre − Stef ek in stikje yn ’t Frysk! − it prachtige ‘Is dit no letter’ songen. By it ferske ‘Heit’, Adri’s oersettting fan Stef Bos syn grutte hit ‘Papa’, kamen de bûsdoekjes op tafel. Tomm wol dat ferske leaver net mear heare: ‘Ik fyn it sa moai dat ik dan grif wer gûle moat.’ It rekke Simm ek, mar dy seach oerienkomsten mei de wierheid: ‘Ik lykje sels ek hieltyd mear op heit.’
YouTube: Andries Jelle de Jong
Instagram: @andriesjelledejong