![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/a9798bce1baf7a97450ab172b3f0c93e.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
1 minute read
In Fries om utens
from heit&mem nr. 1 2023
by heit&mem
Wêr komst wei en wêr wennest no?
Ik bin hikke en tein yn Oerterp, myn man yn Bakhuzen. Us heit en mem kamen in skoft lyn mei it idee om nei Spanje te emigrearjen. Fan dy plannen waarden wy ek entûsjast, en yntusken wenje wy alwer 2,5 jier yn Spanje. Us heit en mem wenje in kertierke by ús wei. René hat hjir in eigen bedriuw, hy hat it behear oer wenningen fan minsken dy’t hjir in twadde wente hawwe. Ik wurkje foar in administraasjeburo en kin dat wurk fanút hûs dwaan as de bern op skoalle sitte. In grut part fan ús libben spilet him bûtendoar ôf, wy ha in lytse wente mar in grut hiem. Wy hawwe trije hûnen, fjouwer katten, in hok fol hinnen en in stik grûn mei 85 olivebeammen dêr’t wy sels olive-oalje fan meitsje litte. Wy fermeitsje ús hjir wol!
Advertisement
Hokker taal/talen prate jimme thús?
René en ik binne beide Frysk, ûnderling prate wy dat ek. Myn man praat Frysk mei de bern, krekt lykas beide pakes en beppes en alle omkes en tantes. Ik praat Nederlânsk mei harren en sil harren ek it Nederlânsk lêzen en skriuwen leare. Dy kar hawwe wy bewust makke. As wy oait wer yn Fryslân komme te wenjen en de bern dêr wer nei skoalle sille, dan wol ik dat sy it Nederlânsk ek leard hawwe. Boppedat hawwe sy hjir yn Spanje ek wat oan de Nederlânske taal. Yarno en Myrthe gean fiif dagen yn ’e wike nei skoalle, dêr’t sy fansels it Spaansk leare. Yarno praat yntusken floeiend Spaansk, mar ek hiel goed Nederlânsk. Myrthe ferstiet Nederlânsk, Frysk en Spaansk, mar har praten is faak noch in ‘mengelmoesje’ fan talen.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/0bf523334e0d8a0e4f1fdddbd7cc58cb.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Hoe belangryk is Fryslân/de Fryske taal foar dy?
Wy binne Frysk en dat sille wy ek altyd bliuwe. Ek by ús bern sil Fryslân altyd in grut part fan harren libben bliuwe, ek al wennet ús dochter yntusken langer yn Spanje as dat sy yn Fryslân wenne hat. Wy ha it hjir tige nei it sin, ek al misse wy wol de famylje en freonen yn ús thúslân. Fryslân hat altyd in waarm plakje yn ús hert!
Namme: Jitske Glashouwer-Bos (41)
Wennet yn: Hondón de las Nieves, provinsje Alicante yn Spanje
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/47fe3e7ace19537ac957a3ec58a73468.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Mei: René Glashouwer (49), Yarno Ruben (5 jier) en Myrthe Esmee (3 jier)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/54d898a26d74cb2c942e249059dbd2ef.jpeg?width=720&quality=85%2C50)