1 minute read

De mag y fan poëzy

Next Article
Bûten boartsje

Bûten boartsje

Mei alle oandacht harket Jelle nei it gedichtsje dat ik foarlês. Ik haw it him al hûndert kear foarlêzen, mar noch altyd fynt er it prachtich.

Syn lytse hantsjes dogge fanatyk de bewegingen mei dy’t by it gedichtsje hearre. By ‘kikeboe’ skatteret er it út. Wat in wille by sa’n lyts gedichtsje.

Advertisement

Gedichten by de widze

Taal stiet net op himsels. Klanken, melody en in ritme binne ûnmiskenber oan taal ferbûn en drage by oan in goede kommunikaasje. Gedichten en ferskes sitte fol mei melody en ritme. Gedichten foarlêze oan babys is in moaie manier om bern kennis meitsje te litten mei de memmetaal.

Wurdskat

Troch gedichtsjes leare bern mear wurden. Sjoch mar nei it gedichtsje hjirboppe. Jelle leart wurden lykas hannen, klappe, fingers, iepen, ticht, beide, gesicht. Boppedat sit der ek noch in spultsje yn it gedicht (kikeboe). Dat fynt Jelle machtich. Hy wol it gedichtsje hieltyd wer hearre. Learen giet altyd better as je wille hawwe. Boppedat is werhelling in betingst om wurden te learen. Gelokkich binne gedichtsjes koart, sadatst it maklik faak werhelje kinst.

Ek foar âldere bern binne gedichten geskikt. Dichters stopje faak poëtyske, minder fertroude wurden yn in gedicht. Dat ferriket de wurdskat fan de lêzer.

Unthâlde

Troch ritme, melody en rym kinne bern wurden ek better ûnthâlde. Dat is net allinne sa by gedichten, mar ek by ferhaaltsjes op rym. Tink mar ris oan de Jentsje- of Tomke-rigeboekjes, of Bobbi- of Liselotje-boekjes (Hollânsk). Ek dy hawwe in ritme en rym. Jelle kin de boekjes wol dreame. Bliid follet er by elke rigel it rymwurd yn. Hy leart nije wurden, mar ek rymjen.

Rymje

Rymjen helpt om better skriuwen en lêzen te learen. Bern leare dêrmei lûden te werkennen en te manipulearjen. Kinne bern hearre oft wurden rymje? Kinne se in rymwurd betinke? Ensafuorthinne.

Grammatika, figuerlike taal en emoasjes

Yn poëzy wurde faak kompleksere grammatikale sinnen brûkt as yn oare teksten. Poëzy lit letterlike en figuerlike taal ynelkoar oerrinne. Dat makket dat de lêzer makliker metafoaren leart te begripen. Skriuwe bern sels poëzy, dan is dat net allinne stimulearjend foar taal en kreativiteit, mar kinne se faak ek better emoasjes werkenne en uterje.

This article is from: