2 minute read

Nije boeken!

Next Article
FERNEAMD Jitske

FERNEAMD Jitske

Molly de hazze is gek op ferstopperke dwaan… mar Aukje de ûle en Jelmer de foks ha harren in bytsje te goed ferstoppe! Wêr kinne se toch wêze?

Irene Klompmaker: “In ideaal boek om foar it sliepen gean foar te lêzen. Net te lestich, de yllustraasjes binne rêstjaand en ‘Ein goed, al goed’ wurket fansels ek goed foar it sliepen gean. En as ik de sliepkeamersdoar achter my tichtlûk, mei it ljocht noch hiel even oanbliuwe. Om dy moaie platen noch ien kear te besjen.”

Advertisement

Sipke komt op stoom (4+)

Der is wurk oan ’e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.

Sytske Anne Wijntjes-Bergstra:

In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant… In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht…

“Dit gouden boekje (“wauw mem, goud!”) combineert op een slimme manier een kennismaking met het Woudagemaal en haar technologie met een boodschap over het klimaat (“en troch dy tegeltúntsjes kin it wetter net goed fuort”). Een mooie uitnodiging om met je kind het gesprek aan te gaan, en misschien wel samen aan de slag te gaan in je eigen tuin.”

Sjongsto mei my (6+)

In jong famke wiist it paad op in muzikale reis. Se freget de minsken dy’t se tsjinkomt om meiinoar de wrâld in bytsje moaier te meitsjen. Dat is hielendal net sa dreech. De krêft om wat te feroarjen − grut of lyts − sit gewoan yn dysels.

Amanda Gorman waard wrâldferneamd troch de foardracht fan har gedicht ‘The Hill we Climb’ by de ynauguraasje fan presidint Joe Biden. Se is dichter en set har yn foar it miljeu en in gelikense behanneling foar elkenien. Loren Long makke de kleurrike yllustraasjes by de ynspirearjende, lyryske tekst mei it belangrike, hoopfolle boadskip.

Pinkeltsje yn Fryslân (7+)

Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening

Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân?

(10+)

Oer geheimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr’t se fan sizze dat der in meunster wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy’t alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmachtige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet. Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst oait tocht hiest.

This article is from: