![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/012258dfd40c4a354b03775021233a85.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
1 minute read
De bernekeamer
from heit&mem nr. 1 2023
by heit&mem
Janneke: ‘Dit keammerke hat al trije kear in metamorfoaze ûndergien. Jula en har broer Vygo binne in twaling en sliepten hjir earst tegearre. Doe wie it neutraal griis. Al gau kamen wy derachter dat Vygo gjin goede slieper is, wylst Jula wol altyd trochsliept. It wie dus better om se apart sliepe te litten: Jula bleau hjir en Vygo ferhuze nei in oare keamer. Twa jier lyn makken wy hjir in echte fammekeamer fan. Ynspiraasje helje ik oeral wei: fan ynternet, út tydskriften en winkels. Ik meitsje gjin moodboard, mar de plaatsjes nestelje har yn myn holle. Ik jou der altyd in eigen draai oan om it passend te meitsjen. Dit keammerke is echt Jula: leaf en dochs ek stoer. Dat sjochst bygelyks oan de muorren. Dêr sit skattich behang op mei gouden hertsjes, mar de houten latsjes en de âldrôze fervekleur meitsje it stoer.
Myn útdaging is om in sa fijn mooglike romte te meitsjen foar sa min mooglik jild, it hoecht net allegear nij of djoer. Jula har bêd komt fan Marktplaats en ik ha ek in soad dingen brûkt dy’t wy al hiene, sa as de hingstoel. Dy kocht ik fan it jild fan myn alderearste baantsje, Jula kin dêr lekker yn sitte te lêzen. De houten kiste is in kadootsje fan ús heit. Hy wurke yn de bussebou, grutte ûnderdielen fan bussen waarden yn sokke kisten levere. Ek it hout achter de kommoade koste hast neat. It is leuk om dêr hieltyd wer oare weardefolle dingen oan op te hingjen. Sa’n boerd skeelt ek gatten yn ’e muorre en dêr wurdt Jula har heit dan wer hiel bliid fan!
Advertisement
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/5ce099926d0f04f6a85c1bca2f17b2fc.jpeg?width=720&quality=85%2C50)