1 minute read

Us hutte

Next Article
FERNEAMD Jitske

FERNEAMD Jitske

Hutten bouwe is fan alle tiden. Dizze bern kinne it yn alle gefallen hiel goed! De foto's binne ynstjoerd fia de webside www.heitenmem.nl

Dit is de hutte fan Gerrit (8), Jehannes (6) en Jouke (3) Andela út Nij Beets. Se ha him sels makke en as der freontsjes of freondintsjes te boartsjen binne, wurdt der faak wer fierder oan boud.

Advertisement

Melle Bijker (1) út Haskerhoarne woe net mear nei hûs, sa moai fûn hy de hutte!

Freark Jelle, Sieme Jan en Anne Lieke, (doe 10, 7 en 2) út Frjentsjer ha sels efterhús in moaie hut boud!

Op de earste dei fan de maaiefakânsje, hearlik waar, lekker bûten boartsje, én fansels binne Jan de Bruin en Marije Visser út De Tike (beide 9) wer in moaie hutte oan it bouwen!

Sels mei snie sit Melle Hoekstra (10) út Mantgum drûch yn syn hut achter it hok. It hout hat er mei freontsjes sels regele troch by de doarren del te gean. Buorman hie noch daksingels, by de timmerman regele er sels skarnieren... In moai projekt!

Op fakânsje yn Dútslân ha Hidde (10), Wessel (8) en Baukje Nijhuis (5) út Garyp in moaie hutte makke by it húske!

Julian (5) en Silvian (8) van der Meulen út Kollumersweach bouwe in hutte op fakânsje yn Otterlo.

Yn it bosk flak by de camping yn Bakkefean is, sa as Tyme Visser (5) út Easterwâlde it seit, ‘it huttebosk’. Dêr binne wy hast elk wykein wol te finen.

Jurre (8), Wybren (5) en Yfke (3) de Vries hawwe in geweldige beamhut. Makke troch harren heit.

Dit is de beamhut fan Marith Brecht van der Veen (9) út Burgum. Makke troch har handige pake Anton. Se hat in prachtich útsicht oer it lân en kin sa alles yn ’e gaten hâlde.

Verlies en rouw

Voor iedereen die te maken heeft met een miskraam, verliesgeboorte, abortus en embryo’s die verloren zijn gegaan in een vruchtbaarheidstraject.

Coaching

Korte trajecten en losse sessies voor moeders die verantwoordelijkheid willen nemen voor hun eigen gezondheid.

Herken jij je in een van de situaties en heb je hulp nodig?

Neem dan contact met mij op. Samen kijken we wat ik voor jou kan betekenen.

Traumatherapie

Herstel op een zachte, maar effectieve manier van de ingrijpende gebeurtenissen uit de periode rond de geboorte van je baby.

Zwangerschapsbegeleiding

Om tijdens je zwangerschap vol vertrouwen uit te kijken naar de geboorte van je baby.

warme water! Kom genieten in het

Het is voor kinderen leuk en belangrijk om al vroeg aan water gewend te raken en te leren zwemmen.

Hoe kunnen ze dat nou beter doen dan te beginnen met zwemmen met de eigen ouder! Baby- en Peuterzwemmen is een heerlijke activiteit in het water om samen met je kindje van te genieten.

Kijk voor meer informatie over tijden en locaties op onze site www.bvsport.nl

This article is from: