![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/e7737937b535b08b28080df3d05aa191.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
1 minute read
Ik moat sa noadich!
from heit&mem nr. 1 2023
by heit&mem
Erika is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230614083438-2099b942edf7179689f0226402e959d0/v1/23d780f6aa43d58683990529336e0a42.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
Advertisement
Ik bin bliid dat ús middelste it einliks seit, net altyd bliid mei it momint dat er kiest, mar hy seit it. “Ik moat sa noadich, en ik moat no!”
Dit tema sprekt elk bern oan yn de pjutte-/beukerleeftiid. Oft it no thús is, op skoalle, yn de auto, op it boartersplak… It sil dy mar oerkomme! It boek sjocht der leaflik út. Snoezige bisten. Hertsje op it húske. In grapke op de binnenkant fan de cover. Mei thús oeral potsjes yn hûs kinne se it grapke hielendal oanfiele. “It past net, dat giet mis, o nee!”
Ja, sindlik wurde is net samar wat!
Bisteleafhawwers kinne har hert ophelje. Wat in moaie grutte plaatsjes. It hat wol wat fan “tip de muis” en “krul konijn”. Wat nostalgysk, werom nei de rêst, de ienfâld, dêr gean wy goed op. En wa net tsjintwurdich? Gjin grutte lapen tekst, de plaatsjes binne sprekkend genôch. Dan sokke moaie details. De útdrukkingen op de gesichten, in bistje út it rút, in swiere tas, berntsje op ’e earm, fytsers, rinne op ’e merk, allegear hiel echt, werkenber en alledeisk. Niks bysûnders, deagewoan. De oanlieding foar dit ferhaal is net spannend. It gebeurt elkenien wolris. Eva moat sa noadich. Mar dan krijt it ferhaal in hiel spannende draai. Want elkenien springt by foar help. It wurdt in grutte gaos. De groep fan helpers wurdt hieltyd grutter! Komt dit oait noch goed?
Bist benijd? Dan moatst it boek seker lêze. De bern sille derfan smikkelje.
Hjir begûnen se te hupsen en te wibeljen fan werkenning. Lokkich koene se it drûch hâlde. Sels ús âldste koe de ein fan it ferhaal hielendal begripe. Neat geks… Se fersuchte: “Dat ha ik no ek wolris…”
Skreaun troch Erika van Steensel, mem fan Saar, Ross en Juul út Ede