
7 minute read
Mem, mei ik boartsje?
by heit&mem
Mirjam Visser út Mitselwier is sûnt fiif jier bernecoach en hat dêrneist goed tweintich jier ûnderfining as juf yn it basisûnderwiis. ‘Ik bin ek noch Yntern Begelieder en ha altyd al in passy foar bern hân. Dêrneist bin ik mem fan trije bern dy’t no pubers binne. Ik kin my dus goed foarstelle hoe’t âlders harren soms fiele. By in oar liket it altyd fansels te gean, mar dat is lang net altyd it gefal’, seit Mirjam. Se stelt foarop dat elk bern wer oars mei it boartsjen omgiet. ‘Sommige bern ha it boartsjen nedich om de wrâld te ferkennen. Se fine it moai om by in oar te boartsjen om te sjen hoe’t it dêr om en ta giet en watfoar boartersguod in freontsje hat. Mar der binne ek bern dy’t mear de kat út de beam sjogge en dy’t it lekker fine om út skoalle wei thús te boartsjen mei har eigen spul’, leit Mirjam út. Wat har opfalt, is dat foaral âlders it der smoardrok mei ha. Meastal komt dat troch noeden en soargen dy’t se sels ha. ‘Alders binne bang dat har bern gjin freontsjes krije en dat se allinnich komme te stean. Dat wol net ien. Mar do moatst dy altyd ôffreegje wa’t dêr lêst fan hat, bisto dat of dyn bern. Hiel faak komme âlders ta de konklúzje dat it har eigen eangst is.’
Sjoch nei it bern
Advertisement
Dat guon bern nei skoaltiid net altyd mear nocht ha om te boartsjen, hat ek te krijen mei it kontinuroaster. Bern binne al fan healwei njoggenen oant twa oere op skoalle, en ite, wurkje en boartsje mei-inoar. ‘Foar sommige bern is dat wol genôch. Wy libje yn in maatskippij wêryn’t it altyd mar trochgiet. Der binne in soad prikkels. Al moat ik sizze dat de measte bern hiel fleksibel binne. Wol fernimst dat bern geandewei de wike sizze: lit my mar even allinnich. Mar dat is by ús as folwoeksenen faak net oars. Wy ha op in gegeven momint ek ús nocht en ha tiid foar ússels nedich. Myn belangrykste tip foar âlders is dan ek: sjoch nei it bern. As se behoefte ha om te boartsjen, dan freegje se dêr wol om. Bern binne dêr hiel puer yn. Just asto der druk op leist, wurket it net. In oar advys: meitsje ek keuzes yn it oantal sporten, want it is wol belangryk dat der tiid oer is om te boartsjen bûten skoalle om. Dan ûntwikkelje bern har en ûntdekke se dat it net oeral itselde is as thús. Sels hâld ik derfan dat bern lekker bûten boartsje, op ’e kop yn ’e beam hingje, polsstôkspringe en lekker smoarch thúskomme.’

Alle dagen boartsje
De âldste dochter fan Gerbranda (32) en har man Eelke Jan de Graaf (34) út Damwâld wol it leafst elke dei boartsje mei berntsjes fan skoalle. Dat kin net altyd, want se giet twa dagen nei de oppas. ‘Us Rinsina (5) kin trije middeis boartsje. Op de dagen dat it kin, sizze we dat moarns al tsjin har en dan moat se sels útfine mei wa. As ik har ophelje út skoalle, by de Sprankeling yn Damwâld, dan komt se al oandraven en ropt se: ik wol mei Lisa boartsje (of mei Femke of Jantine…). Se praat dat sels op skoalle ôf mei it berntsje. By it opheljen wurdt it koartsluten mei de âlder. Soms kin it net. Dan is se wol wat fan slach. Mar meastentiids kin der gewoan boarte wurde en dan is it feest’, fertelt Gerbranda. As Rinsina thús boartet, mei har suske Wiljanna (3) ek meidwaan. En by de oppas boartet se mei twa jonkjes dy’t dêr ek binne. ‘Eins wurdt der elke dei wol boarte. Wy stimulearje dat ek, want wy fine it wichtich dat de bern mei-inoar boartsje. Dêrom dogge we de swimles op sneon. Dan kin se troch de wike gewoan boartsje.’
It leafst bûten boartsje
Geeske Anna Postma (38) wennet mei har man Robin Bakker (37) en twa dochters Femke (11) en Ylse (7) oan de râne fan it doarp Earnewâld. Se is bliid dat de moaie tiid fan it jier der wer is, want tusken it boartsjen yn de winter en yn de simmer sjocht se in grut ferskil. ‘Winters boartsje de bern binnen en freegje se wol gauris oft se op in skermke meie. It antwurd is dan meastal “nee”. By ús thús is it fiif oere, nei it boartsjen, skermketiid. Mei dit moaie waar tale se minder nei skermkes en boartsje se lekker bûten. Us âldste praat gauris mei har nichtsje ôf, dat is har beste freondinne. Se sitte byinoar yn ’e klasse, yn groep 8. Se rêde harsels goed, fytse nei it doarp en komme dêr wer oare bern tsjin’, fertelt Geeske Anna. De jongste sit yn groep 4 en boartet hast elke dei wer mei in oar. ‘Se prate dat sels op skoalle ôf. Moandeis giet se nei de BSO en freeds hat se – lykas Femke − dânsles, mar foar de rest boartet se alle dagen. En no mei it moaie waar jûns ek, nei it iten, mei de oare bern op it skoalplein. Nee, it is har net gau tefolle. Ik fyn it sels ek wol moai’, laket Geeske Anna. ‘Want as se in boarter ha, fernuverje se har goed en hast der folle minder wurk fan.’
Elk bern wer oars
Maaike Koornstra (41) út Sint-Jabik hat tegearre mei har man Adriaan (44) fjouwer bern (6, 7, 9 en 12), dy’t alle fjouwer op harren eigen manier mei it boartsjen omgean. ‘De âldste twa binne it leafst thús, wylst de jongsten altyd boartsje wolle, en meastal by in oar. By de âldste probearre ik doe’t se âlder waard ek wolris te stimulearjen om by in oar te boartsjen, mar by de jongsten is it krekt oarsom. Dan sis ik: “Hjoed ek ris by ús”’, fertelt Maaike. By de âldsten besocht se it boartsjen noch wolris wat te stjoeren as mem, mar by de jongsten hat se dat hielendal loslitten. ‘As de âlders it goed fine en de bern ek, wa bin ik dan?’ Maaike hat ûntdutsen dat elk bern syn eigen behoeften hat om te boartsjen. ‘De âldste is noch hieltyd it leafst thús, dat sit yn har aard.’ Ek oft it jonges of famkes binne, makket wat dat oangiet gjin ferskil, falt har op, want se ha fan beiden twa. Wol fynt se it hiel wichtich dat de bern tiid ha om te boartsjen. ‘Ik tink dat sommige âlders ûnderskatte hoe belangryk boartsjen is. Dat se sels betinke wat se dogge, dat se harren soms even ferfele, mar faak ek fernuverje.’
SIIK
Wy binne siik. Nêst my leit Teije op it grutte bed. Hy hoastet krekt salang oant hy derfan gûle moat. 'Memmy', klinkt it. Mei in klamme hân fei ik syn wiete wangen drûch. Hy wiist nei it nachtkastje dêr’t de lêste dagen steefêst syn blauwe geitebeker stie mei wetter deryn. Omdat ik sûnt juster sels ek siik bin, ha ik dat ferjitten. Ik sis dat ik it fan ûnderen helje sil en dat hy even wachtsje moat. Ik hys mysels omheech. Ik fiel dat ik koarts ha. Myn kiel docht sear. Ik ha in wee gefoel yn myn mage. Ik tink dat ik spuie moat. Der is neat oars foarhannen as it potsje fan Teije dat njonken my op de grûn stiet. Ik pak it op en spui. Ik rin wilens nei de dûs en ferruilje it potsje foar de waskbak. Yn ’e fierte hear ik Teije roppen dat hy drinken ha wol. Ut de geitebeker. Hy kucht wer. Hy gûlt wer. Ik sjoch yn de spegel. Sa bleek ha ik yn tiden net west. Ik spiel myn mûle en it potsje om en rin werom nei it bêd. Ik bin ferjitten wat ik eins dwaan soe. Ik wol wer yn bêd krûpe, dêr’t myn protterke leit mei twa reade wangen boppe de tekkens út. 'Drinken memmy.' En dan wit ik it wer. It komt deroan, sis ik. Ik rin by de trep del. Under sykje ik om syn blauwe geitebeker. Nergens kin ik him fine. Boppe hear ik Teije kuchen en gûlen. Ik sykje fierder. Op it oanrjocht, ûnder de bank, op de tafel, yn de kast. Ik ferflok dy geitebeker en ik brek.
Dit soart mominten fyn ik it dreechst. Der binne minsken genôch dy’t sizze dat ik belje kin at der wat is, mar ik doch dat eins net sa faak.
Wylst ik in oare beker út de kast pak, tink ik nei oer hoe’t ik dit de rest fan de dei dwaan sil. It wc-papier is hast op, krekt as de bôle. Ik sleep mysels de trep op en krûp wer yn bêd. Ik jou in oaljefantebeker oan Teije, mar ik sjoch al oan syn gesicht dat in oaljefant noait in geit wurde sil. In prúllippe. Gûle.

Ik stjoer in freondin in appke at se even om in boadskip kin.
'Ik kom hem wel ophalen, dan kun jij ziek zijn.'
Ik mei it dan wol allinne dwaan, dochs blykt mar wer: 'It takes a village to raise a child'.
Sjoukje de Boer (1987) in dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019)