Mirjam Visser út Mitselwier is sûnt fiif jier bernecoach en hat dêrneist goed tweintich jier ûnderfining as juf yn it basisûnderwiis. ‘Ik bin ek noch Yntern Begelieder en ha altyd al in passy foar bern hân. Dêrneist bin ik mem fan trije bern dy’t no pubers binne. Ik kin my dus goed foarstelle hoe’t âlders harren soms fiele. By in oar liket it altyd fansels te gean, mar dat is lang net altyd it gefal’, seit Mirjam. Se stelt foarop dat elk bern wer oars mei it boartsjen omgiet. ‘Sommige bern ha it boartsjen nedich om de wrâld te ferkennen. Se fine it moai om by in oar te boartsjen om te sjen hoe’t it dêr om en ta giet en watfoar boartersguod in freontsje hat. Mar der binne ek bern dy’t mear de kat út de beam sjogge en dy’t it lekker fine om út skoalle wei thús te boartsjen mei har eigen spul’, leit Mirjam út. Wat har opfalt, is dat foaral âlders it der smoardrok mei ha. Meastal komt dat troch noeden en soargen dy’t se sels ha. ‘Alders binne bang dat har bern gjin freontsjes krije en dat se allinnich komme te stean. Dat wol net ien. Mar do moatst dy altyd ôffreegje wa’t dêr lêst fan hat, bisto dat of dyn bern. Hiel faak komme âlders ta de konklúzje dat it har eigen eangst is.’
24
25
Sjoch nei it bern Dat guon bern nei skoaltiid net altyd mear nocht ha om te boartsjen, hat ek te krijen mei it kontinuroaster. Bern binne al fan healwei njoggenen oant twa oere op skoalle, en ite, wurkje en boartsje mei-inoar. ‘Foar sommige bern is dat wol genôch. Wy libje yn in maatskippij wêryn’t it altyd mar trochgiet. Der binne in soad prikkels. Al moat ik sizze dat de measte bern hiel fleksibel binne. Wol fernimst dat bern geandewei de wike sizze: lit my mar even allinnich. Mar dat is by ús as folwoeksenen faak net oars. Wy ha op in gegeven momint ek ús nocht en ha tiid foar ússels nedich. Myn belangrykste tip foar âlders is dan ek: sjoch nei it bern. As se behoefte ha om te boartsjen, dan freegje se dêr wol om. Bern binne dêr hiel puer yn. Just asto der druk op leist, wurket it net. In oar advys: meitsje ek keuzes yn it oantal sporten, want it is wol belangryk dat der tiid oer is om te boartsjen bûten skoalle om. Dan ûntwikkelje bern har en ûntdekke se dat it net oeral itselde is as thús. Sels hâld ik derfan dat bern lekker bûten boartsje, op ’e kop yn ’e beam hingje, polsstôkspringe en lekker smoarch thúskomme.’