3 minute read
Bêste freonen
from heit&mem nr. 2 2022
by heit&mem
Hidde Nauta en Yulian Faber (9) uit Hitzum/Franeker zijn al sinds de peuter maatjes! Nu alweer samen in groep 6! Maes & Redmar (2) út Warten tegearre oan in dikke ijsko.
Advertisement
Ferre Dunnewind (7) en Jimte Overal (6) út Achlum binne meielkoar opgroeid. De bêste maten fan it begjin ôf. Tegearre belibje se de moaiste aventoeren. As se inoar te lang net sjogge, dan misse se inoar hiel bot.
Dit binne Marjanne Brouwer (3) en Janna de Jong (4) út Koufurderrige en Harich. Krekt as harren memmen dikke freondinnen!
Lizzy van der Wal, Fenna Feenstra en Janna de Jong uit Workum zijn heerlijke vriendinnetjes!
Riemer Westra en Lucas Huygen (beide 10) út Stiens binne freonen sûnt de kleuterskoalle. Se helpe inoar altyd. Riemer is in grutte steun foar Lucas, dy’t diabetes hat. Mar doe’t Riemer mei corona net sint-martenrinne koe, rûn Lucas in bytsje ekstra en dielde alles mei Riemer.
Menne Spoelstra (5) en Pieter Sitenga (4) uit Augustinusga zijn beste vrienden. Deze foto is gemaakt bij Survivalrun De Knipe, afgelopen mei. Samen hebben ze de krumeltsjes-run gelopen. Rein, Ruerd, Minke, Yfke en Eise binne net allinne neefkes en nichtsjes, mar ék elkoars bêste freontsjes. Rein en Minke ha yn de simmerfakânsje in skoft yn it sikehûs lein mei in firus en koene dêrom hiel lang net mei de rest boartsje. Wat wiene se bliid om elkoar dêrnei wer te sjen!
De Bjusterbaarlike Baron
Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.
Dit boek giet oer de ferhalen fan de Baron von Münchhausen; it iene noch wûnderliker as it oare! De baron hat yn syn tiid hiel wat belibbe en dêr mei hy graach oer fertelle. Mar at alles wol hielendal is sa at er seit…?
It boek is geskikt foar bern fan 6 oant 10 jier; dêrmei hingje ús jonges wol oan de ûnderkant fan ’e doelgroep. Mar in lytse yntroduksje mei de meidieling dat de baron hjir en dêr miskien ek wolris wat swetse koe, makke de jonges hiel nijsgjirrich! It kleurrike kaft nûget út; hja kinne al in bytsje sjen wat der allegearre yn ’e holle fan ’e baron omspûket. Alle haadstikken beslagge in dûbelde side; de iene kear mei in grutte en kleurrike yllustraasje, de oare kear mei in prachtige swart-wyt tekening.
Yn it earste ferhaal docht bliken dat de baron sels syn ferhalen ‘fertelt’. Dy skriuwwize soarget derfoar dat de belibbing fan it boek grutter wurdt. De lêzer wurdt echt meinaam yn de aventoeren fan de baron. De iene kear jeie jo mei de baron yn ’e slide oer de besnijde flakten fan Ruslân, de oare kear stean jo foar in lestige kwestje midden yn ’e loft.
Trochdat de ferhalen net sa lang duorje, is it boek ek hiel geskikt om per haadstik te lêzen foar it sliepen gean. Fyftjin jûnen hawwe wy mei de baron op aventoer west en nei elk ferhaal wiene de jonges enoarm entûsjast. Want ja, dit soe wol wer in swetsferhaal wêze, toch mem? Meielkoar ha we alle jûnen ûndersocht oant wêr’t it ferhaal noch wier wêze koe en fanôf wêr’t it dochs wol hiel sterk waard.
Doe’t ik nei it lêste ferhaal ferklapte dat de baron echt bestien hat, wie dat foaral in hiele ferrassing! Soene de ferhalen dan dochs allegearre krekt sa wêze as dat de baron ferteld hat…?
Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach Mem fan Wiebren (6) en Sipke (4) Sljocht op boeken, (foar)lêzen en taal yn it algemien