1 minute read
FRYSK YN ’E KLASSE
from heit&mem nr. 1 2023
by heit&mem
Ien kear yn de wike jout juf Anna Frysk yn groep 4/5, soms wat faker. Dan ferdielt se it oer de wike. ‘Ik nim der echt de tiid foar, want ik fyn it belangryk dat se it goed lêze kinne. Ik lit se ek wolris foarlêze by de kleuters. Want hoe faker ast it dochst, hoe better as it giet.’ Se brûkt ferskillende learmiddels: Spoar 8 op it digiboerd, boekjes fan Keimpe de Krokodil en it magazine Tsjil. ‘En soms pak ik ek noch wol de âlde metoade derby. Ik doch in soad mei teksten, en sykje dan tema’s dy’t oanslute by de belibbingswrâld fan de bern.’ Meunstertún op de iPad is by de measte bern favoryt. ‘Mar ik doch toch ek noch in soad lekker âlderwetsk klassikaal.’
Advertisement
Fiif fan de fyftjin bern yn groep 4/5 binne thús Frysktalich. Acht prate Nederlânsk en twa bern komme út Afganistan. ‘Ien fan de bern praat sa moai Wâldfrysk’, seit juf Anna.
‘Ik fyn it moai dat se dy ferskillen hearre. En dat se ek in gruttere Fryske wurdskat krije. Lêsten hearde ien fan de bern it wurd “buorlju” en doe sei er: dat seit myn beppe ek altyd.’
‘Ik fyn it Frysk gewoan moai. Myn doel dit jier is dat se alle Fryske lûden leare. Ik ha der platen fan hingjen yn it lokaal. De ê fan bêd bygelyks, dy neame we dan de seur-ê. Dêr wol ik echt tiid yn ynvestearje, want dan leare se it goed te lêzen en letter ek te skriuwen. As ik berikke kin dat oer tweintich jier ien fan dizze bern thús it Frysk ek meijout oan syn of har bern, dan is dat al moai. It soe skande wêze as de taal net mear brûkt wurdt. Mar it wichtichst is dat se it oanrikt krije.’