#FACETOFACE SAKE P. ROODBERGEN fotografie MUSTAFA GUMUSSU tekst HENK VAN DER VEER
De leafde foar de greidefûgels Sake P. (Pieter) Roodbergen waard berne op 16 maaie 1945 yn Grou, as soan fan metaalarbeider Fokke Roodbergen en Antsje Roodbergen-Lamsma. Sake is de middelste fan fiif bern. De húshâlding wenne oan’e Stasjonsdyk yn Grou, bij de Grousters better bekend as ‘De Dyk’. Sake en dy wennen njonken de pleats fan’e bruorren Wytse en Marten Kaastra, wat doe noch op ’e râne fan’e bebouwing fan it doarp wie.
INNERLIJKE WIISHEID “It wie ien grutte griene oase. Wij seagen fanôf de Stasjonsdyk de earste sylskippen troch it Kanaal farren”, hellet Sake fuortendaliks jeugdoantinkens nei boppe. It plak dêr’t hij grutbrocht is, hat grutte ynfloed op Sake syn libben hân. Hij waard fljildman yn ieren en sinen. Wy ha in petear mei in âld-ûnderwiisman (“Ingelsk en biology”) én skriuwer/ publisist fan tal fan boeken oer de natuer.
SKOALLELOOPBAAN Nei de legere skoalle giet Sake nei de mulo-b en dêrnei folget de kweekskoalle oan’e Kennedylaan op it Hearrenfean. Nei syn tsjinstperioade wurdt de jonge Sake trije jier ûnderwizer oan ’e legere Kompagnonskoalle yn wat doe noch Beneden Knijpe hite. “Ik wie trije jier skoalmaster op’e Knipe. Doe kaam de direkteur fan’e mulo út Akkrum op ’e moter nei De Knipe ta om mij te freegjen of ik ek bij him oan skoalle komme woe as learaar Ingelsk en Biology. Ik wie doe 24 jier. Oan dyselde skoalle stie Foppe de Haan ek as gymlearaar. Ik bin der nei tagien en der noait wer wei west. Dat Lege Midden mei dy hiele agraryske romantyk dy ha’k folop meimakke en ik waard ek aaisikerke.”
IT BÛN FAN FRYSKE FÛGELWACHTEN “Op in bepaald momint, ik wie in jier as 42, kaam de foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten by my mei de fraach of ik wol yn ’e kommisje fan de BFVW komme woe. Want der wie in brief fan it ministearje kommen, dat it dien wêze moast mei it aaisykjen. It waard in striid om it aaisykjen en dêr ha ik folop yn stien. Earst yn’e kommisje, doe yn it haadbestjoer en dêrnei yn it deistich bestjoer. Dat allegear njonken myn folle baan as learaar. Ik ha der in skitterjende perioade hân, mei skriuwerij en praterij. ‘Vogelbescherming Nederland’ mei
mear as 100.000 leden wie de fûlste tsjinstanner fan it aaisykjen op etyske grûnen. Se hiene har noait ferdjippe wat der allegear achter it aaisykjen siet. It hat in moaie striid west, want ik koe goed mei dy minsken oerwei. It wie wol in drokke tiid, want der wie altyd wat te dwaan oer it aaisykjen. Safolle telefoantsjes dat Anneke myn frou der wolris hielendal har nocht fan hie. Us twa famkes dy’t doe noch thús wennen al krekt sa. Mar ik hold fan de BFVB, de klup dy’t dit jier eksakt 75 jier bestiet. Ik ha de hiele skiednis beskreaun en op 12 novimber hawwe wij it feest hân.”
DE LJIP “Ja, wat is dat no mei dy ljip? De leafde, hè! De leafde. Sjoch hjir mar bij ús yn’e keamer. It binne allegear ljippen yn ferskillende kreaasjes, fan foto’s oant bekers mei de ôfbylding fan’e ljip, de Vanellus vanellus. Ek de namme fan it ferieningsblêd wêr’t ik in hiel soad yn publisearre ha. Ik wie der haadredakteur fan. De ljip stiet sintraal yn myn libben.”
BOEKEN “Yndied, der lizze nochal wat boeken dy’t ik skreaun ha. Hjir, dizze, ‘De Kievit’ fan útjouwerij Atlas Contact yn Amsterdam. Se fregen mij om in monografy te skriuwen oer de ljip; it is nûmer trettjin yn in rige fan boeken oer fûgels. In oare searje natoerboeken dy’t ik net sasear foar, mar wol mei It Fryske Gea skreaun ha. It binne eins gidsen. De earste út’e rige gie oer fûgels. Utjouwer Steven Sterk frege mij derfoar. Doe’t Steven by mij kaam woe er in gids ha oer fûgels en blommen, yn it Frysk, want dy wiene der noch net. De earste titel kaam út yn 2005 en in jier letter fierde It Fryske Gea har 75-jierrich jubileum. Ik ha doe Ultsje Hosper, de direkteur fan it Fryske Gea, belle mei de fraach oft wij ek wat foar mekoar betsjutte koene. Win-win. Twa wike nei it telefoantsje belle Ultsje mij werom en sei dat It Fryske Gea myn boekje oer de fûgels brûke woe foar in ‘ledenwerf campagne’.
Der binne dêrnei fjouwer printingen fan it boekje makke, fan elk 5000 eksimplaren. Dat wie in ‘ongekend’ oantal foar in Frysktalich non-fiksyboek. It wie in rekord. Dêrnei folge in gids oer blommen, dat ek troch Steven útjûn waard.”
FRYSKE GEA “Dêrnei bin ik selsstannich fierder gien mei oare titels mei deiflinters en libellen, nachtflinters, poddestuollen, de kevers, de beammen en oare jier april ferskynt bij Wijdemeer yn Dokkum nûmer acht. Dat sil gean oer fyftich spinnen, de talryksten fan Fryslân, fyftich wantsen, in soarte fan kever-eftich beestje en fyftich sweefmiggen. It giet allegear yn oerlis mei Peter Koomen, de konservator fan it Fries Natuurmuseum, en ek minsken fan Naturalis dogge mei. Plaatsjes krij ik oeral wei, prachtich. It Fryske Gea beskôget de rige as in projekt fan it Fryske Gea en dêrom stiet harren byldmerk ek op it kaft. Dat is fantastysk, want it is in oanbefelling foar de keaper.”
IT FRYSK “Dat ik de gidsen yn it Frysk skreaun ha, is om de simpele reden dat ik fan myn Fryske taal hâld. Ik bin wiis mei it Fryske lânskip en de Fryske fûgels. Yn myn jonge jierren ha’k dat Fryske taalfirus meikrige fan Geart Vledder, dy’t earst skoalhaad wie om letter bij de Fryske Akademy promotor fan it Frysk te wurden nei de skoallen ta. At de Hollâners sizze dat se myn boeken ek yn it Nederlânsk ha wolle? ‘Wat niet is dat kan komen’.”
LID FAN ’E FRYSKE AKADEMY “Yn juny fan dit jier kaam der ‘out of the blue’ in brief bij ús troch de bus fan’e Fryske Akademy. Dêryn stiet ‘de oanbieding’ om mij lid te meitsjen fan’e Fryske Akademy. Dat is in soarte fan earetitel dy’t noch sa’n 250 minsken yn Fryslân drage meie. Ik ha dat fersyk mei ‘ja’ beantwurde. De Fryske Akademy hat my - om mei Gerard Reve syn ‘het is gezien, het is niet onopgemerkt gebleven’ te sprekken - opmurken.
TEKST HENK VAN DER VEER // FOTO’S JELLY MELLEMA FOTOGRAFIE
heerenveen
14