Skriuwer: Dieuwke van der Meer
De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe Al biedt de natuer bern mear as genôch om te boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs boartersguod hawwe om mei te boartsjen en harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje nei. Ast it measte dêrfan yn ’e hûs hast, dan kin dyn bern him folop ûntwikkelje en hoechsto dy gjin soargen te meitsjen. Ut ûndersyk docht bliken dat bern kreativer wurde at se net tefolle boartersguod ta harren beskikking hawwe. Ek binne se minder gau ôflaat. It is fansels net sa dat dyn bern alles fan ûndersteand rychje ha moat. Ek hoecht it allegear net nij te wêzen en hoecht dyn bern al hielendal net fan alle soarten út it rychje in hiele protte te hawwen om lekker boartsje te kinnen.
1. Blokken
2. Nifelguod
Bern meie graach dingen bouwe. Kinst se in hûs jaan, mar noch folle better is it om se in hûs bouwe te litten. Of in toer, in hynstestâl, in kastiel of wat se op dat stuit mar wolle. Dat kin mei moaie houten blokken, mar fansels ek mei bygelyks Duplo, Lego of Kapla. Der is foar alle leeftiden wol wat. Lit har fantasy it wurk dwaan! Hast wol wat om te bouwen yn ’e hûs , mar boartsje se dêr hast net mei? Help se dan ris op wei troch se in opdracht te jaan, wat foarbylden sjen te litten of meielkoar wat te bouwen.
Ast bern frij tekenje litst, sûnder opdracht of kommentaar, tekenje se ûnbewust wat harren dwaande hâldt. Dat lit se lekker tekenje, skilderje of nifelje. En dêrfoar hoechsto echt net in kast fol nifelguod te hawwen. At se in stik papier hawwe en wat om mei te kleurjen of te fervjen is dat genôch. Der sit in lytse Picasso yn elk bern.