Skriuwer: Nynke van der Zee
Tegearre spultsje dwaan
Kinsto oer dyn ferlies? Noch ien stapke mei de pion en do hast it spultsje Mens erger je niet wûn! Wylst sels bliid de hannen yn ’e loft stekst, sjochst oan tafel twa lilke bern sitten. De âldste rint stampfuotsjend de keamer út en de jongste smyt frustrearre syn piontsjes op de grûn. Einiget spultsjedwaan by jim thús ek altyd sa? Efkes trochlêze, want Annetol Griskov fan de Spellekijn jout dy graach 5 tips om fan spultsjedwaan in feestje te meitsjen.